GEMEENTE L J OU WERTERADIEL 7 Stiens, 17 septimber 2002 Riedsgearkomste 26 septimber 2002 Utstelnumer Behanneljend amtner E-mail 2002/53 M. Zwanenburg m.zwanenburg@leeuwarderadeel.nl Tillefoannr. Underwerp 058 - 2576649 Grienbehear Status: opiniearjend Underwerp: It underhaldsnivo fan it grienbehear yn Ljouwerteradiel, nei oanlieding fan de rapportaazje grienbehearplan fan de Grontmij. Jimme ried sil frege wurde hokker under-haldsnivo winsklik is en hokker fmansjele middels foar it grienbehear yn 'e gemeente. Koarte beskriuwing doel besprek As tarieding op it takomstige grienbehear wurdt jimme ried frege om it underhaldsnivo dat echt winsklik is en de maksimale fmansjele mooglikheden derfoar oan te jaan. Nei't dy beliedskarren makke binne kin it kolleezje mei stipe fan de sektor Grungebiet sa gau mooglik it grienbelied fan Ljouwerteradiel fierder foarmjaan binnen de troch jimme ried feststelde kaders. Punten fan omtinken by behanneling De miening fan jimme ried wurdt frege oangeande: it underhaldsnivo sa't dat op dit stuit is, mei it each op de beskikbere fmansjele middels en oare underdielen dy't de gemeente realisearje wol; it underhaldsnivo dat winsklik is, hokker fmansjele middels jimme beskikber stelle wolle en foar hokker underdielen; as soles winsklik is in ekstinsiver underhaldsnivo en hoefolle 't jimme der dan op besunigje wolle en foar hokker underdielen; as soks winsklik is ferskate underhaldsnivo's foar in gebiet (b.g. doarpskearn, butengebiet ensfh.) en hoefolle't jimme der dan op besunigje wolle en foar hokker underdielen; hokker eleminten fan it oanwezige iepenbier grien jimme bepalend fine foar it totaalbyld; as soks winsklik is Grien ofstjitte troch: ferkeapje; ferhiere; yn bruklien jaan. Stikken dy't op besjen lizze: Haadrapport Grienbehearplan Ljouwerteradiel Bylagerapport Grienbehearplan Ljouwerteradiel 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2002 | | pagina 37