Ferskate underhaldsnivo's mooglik: 1. tige yntinsyf oant yntinsyf underhald; 2. reedlik yntinsyf underhald; 3. nonnaal underhald; 4. reedlik ekstinsyf underhald (minder wiidweidich); 5. ekstinsyf oant tige ekstinsyf underhald. 1. it underhald fan sportfjilden soe tige yntinsyf neamd wurde kinne (is trouwens gjin iepenbier grien); 2. de doarpskearn en de wichtichste haadstrjitten soene reedlik yntinsyf underholden wurde kinne; 3. fierder binnen de beboude lcom it underhaldsnivo normaal; 4. foar de walkanten fan sleatten en fivers en boskplantsoen soe it underhaldsnivo ekstinsyf tapast wurde kinne, lcrelct lykas yn it butengebiet; 5. as leste kin it underhaldsnivo fan min berikbere moeras- en boezemlannen ekstinsyf oant tige ekstinsyf neamd wurde; Fierder is it omfoarmjen fan grientypen yn arbeidsekstinsiver grien in mooglikheid. It ynsiedzjen, plantsjen fan beplanting dy't de boaiem bedekt of it net op 'e nij plantsjen by deade beammen ensfh. Maatregelpaklcetten. Om in underhaldsbegrutting gear te stallen is it fan belang om te witten hokker wurk at der utfierd wurde moat. Yn it Definityf bylagerapport fan de Grontmij fait te sjen hokker wurk at der yn't jier utfierd wurde moat, yn hokker frekwinsje en it bewurkingspersintaazje yn't jier. Fierder steane der foar de planning ek de wurkkalinder en de standertprizen by. Der wurdt utgien fan in trochsneed underhaldsnivo. As de omstannichheden feroarje kinne de maatregelpaklcetten oanpast wurde. De kwaliteit fan de grienfoarsjenning is tige wichtich. It technyske behear fait under de ferantwurdlikens fan de gemeente. Om de romtlike en funlcsjonele kwaliteit fan it wen- en libbensmiljeu te behalden en/of te ferbetterjen is it fan belang dat it technyske behear sa goed mooglik plalc fine kin. Min underhald draacht by oan in negatyf byld en makket sa de kwaliteit fan in buert, wylc of park minder. Der kin sein wurde dat it by it grienbehear yn u.o. Aldlansdyk en Roptastins giet om meibehear. De utfiering wurdt foar in part troch de bewenners oppakt. De bewenners of brukers fan it grien yn de wilcen en buerten bepale foar in wichtich part it libbensklimaat ("zwerfvuil", fandalisme). It is wichtich dat hja foarof op de hichte brocht wurde fan wat der barre sil op it med fan behear en underhald fan it grien. Der moat sa folle mooglik oan de winsken en behoeften fan de bewenners tocht wurde, foar genoch maatskiplik draachflak.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2002 | | pagina 39