Dielt mei dat hij unoangenaam ferrast is troch dizze fragen. Hie graach wollen dat der earst koartsluting west wie tusken it jongereinparlemint en de betreffende portefuljehalder, dan wol de ferfanger. It hie dan ek wat oars yn de parse komme kinne, wat minder pregnant. Dielt mei dat op 19 febrewaris in fergunning ferliend is om de skatebaan te bouwen. Hjir binne de noadige beswieren opkommen, dizze beswieren binne ein april behannele troch de kommisje berop en beswier. Hjir geane dan wer inkele wiken oerhinne foardat it kolleezje op it advys fan de kommisje berop en beswier in beslut nimt. Dan pas kin de bestelling dien wurde. Der sit in levertiid op fan 6 wiken, die binne noch net ferstrutsen. Boppedat hawwe de dyjinge dy beswier makke hawwe ek noch beropsmooglikheden oant 24 july. Mei oare wurden, dit wie in kwestje fan tiid. Op dit stuit is der noch gjin sicht op wannear 't de skatebaan levere wurdt. At dit apparaat binnen is, sil der sa gau mooglik pleatst wurde. Dielt oangeande de twadde fraach "doet het college haar werk wel" mei, dat sa'n toan net op priis steld wurdt. Sprekt as leste de hoop ut dat in skatebaan in bydrage leverje kin om de jongeren in plak te jaan, sadat se net yn de boarterstuntsjes hoeve om te hingjen. Foarsitter: Op dit moment wordt hiermee volstaan, het is duidelijk dat er vanuit de gemeente aan gewerkt wordt. In de eerstkomende raadsvergadering wordt nadere informatie gegeven over de stand van zaken op dat moment. Ik raad het jongerenparlement aan om hierbij aanwezig te zijn, ook zijn zij welkom op het gemeentehuis om te horen hoe het allemaal precies is gegaan. 3. Fragehealoere riedsleden It CDA hat 2 fragen oer de feilichheid yn it ferkear. Mefrou Haites: 1Sitewaasje by de Sprankel: Hjir bestiet al in jier lang in tige unfeilige ferkearssitewaasje. Hjir is oant no ta neat undernaam. It CDA fynt dat it sa net langer kin en freget it kolleezje mei klam om binnen in moanne aksje te undernimmen. Wethalder Keizer: It hat yndied fierstente lang duorre foardat der wat barre koe. Dit leit foar in grut part oan it feit it te lang duorre hat, foardat it kolleezje ynsicht hie yn de finale ofrekken fan de bou. It kolleezje moast witte oft it budzjet, wat der foar stie, wol tarikkend wie. Mei help fan de plysje hawwe wy sinjalearre wat der krekt geande wie, ek minslcen fan de gemeente hawwe hjir nei sjoen. It is ferline wike yn it kolleezje bepraat, der leit in utstel om nije wike tiisdei spikers mei koppen te slaan. Dit kin ynhalde dat foar it nije skoaljier aksje undernommen wurdt. Der binne in pear faktoaren, nl.: a. It budzjet is noch mar in kwart fan wat der earst foar rust is.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2002 | | pagina 6