b. Der moat wat regele wurde oangeande de ekstra grun dy't De Sprankel miend hat binnen har stekken slute te moatten. Dit set de fierdere mooglikheden foar de fierdere ynfolling fan it terrein under druk. De plysje en de ferkearsdeskundigen fan it ROV hawwe sinjalearre dat der net echt sprake is fan in ferkearsunfeilige sitewaasje. Dit is mear in gefoelskwestje. De folgjende oplossing sil yn it kolleezje bepraat wurde: Tsjinoer it lege plak, wer't de aide skoalle stien hat, leit in eintsje berm, de bedoeling is om hjir in oantal parlcearplakken te meitsjen. Fierder is it kolleezje ree om mei de minsken fan it ROV, 3VO, alders en learkreften in jun te belizzen en dan te praten oer it punt "Hoe nim ik diel oan it ferkear". Derneist wurdt noch besocht romte te finen om it paad foar de underbou te ferbreedzjen. Mefrou Haites: Hie de opsje fan de parkearplakken ek al fernaam ut de krante. Fraksje hat him offrege oft dit de goeie oplossing is. It CD A soe graach wolle dat yn goed oerlis mei it bestjoer fan De Sprankel nei in oplossing socht wurdt, wer't eltsenien tefreden oer is. Wethalder Keizer: Dielt mei dat it bestjoer oanjun hat, earst net mear mei it kolleezje prate te wollen. De hear Lageweg, Fynt de suggestje fan mefrou Haites oangeande oerlis mei it bestjoer, frjemd. It giet hjir om iepenbier ferkear, de dyk giet de gemeente oan. Kin him net foarstelle dat mefrou Haites oan de wethalder freget dat sy mei de skoalle yn petear giet. De hear Ekas: Is blij te horen dat de situatie veiliger is dan wij met elkaar denken. Vraagt zich daarom af wat het nut is van de parkeerplaatsen. De hear Roosma: Is bliid mei de beandering fan de wethalder. gasten by de skoalle gedrage. Dielt mei dat it wichtich is dat de alders harren as De hear Ketellapper: Is ferbjustere dat it bestjoer fan De Sprankel oanjun hat net mear mei it kolleezje prate te wollen. Wol graach witte wertroch dit kaam is. Mefrou Haites: Kin har wol fine yn de wurden fan de hear Lageweg, mar om de hiele problematyk boppe wetter te krijen is it ferstannich om mei alle partijen te praten. Wethalder Keizer: Dielt mei altiten ree te wezen foar in goed petear mei de skoalle.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2002 | | pagina 7