Mefrou Haites: 3It parkearren oan 'e Truerderdyk: De parkearsitewaasje soarget by Doniastate al lange tiid foar problemen. De CDA-fraksje makket har hjir grutte soargen oer. Der binne koartlyn buorden pleats mei in parkearferbod oan 'e linkerkant, it blykt ut underfining dat dit net foldwaande is. De CDA-fraksje freget oan de wethalder om mei de behearder fan Doniastate te oerlizzen om in oplossing foar dit probleem te sykjen. Wethalder Keizer: Ferline winter is in oerlis west mei de lieding fan Doniastate, sy hawwe de suggestje dien om in parkearfoarsjenning te treffen, mar sy wolle gjin gersgrun kwyt reitsje. Sy hawwe foarsteld om in stikje grun te ruiljen, sadat de gemeente hjir eigner fan wurdt en parkearfoarsjenningen meitsje moat. Hjir is gjin budzjet foar, at de ried fynt dat dit trochgean moat, dan moat sy dit oanjaan. Inkele wiken lyn is frege oan de behearder fan Doniastate hoe't sy tsjinoer dizze oplossing stean, der waard doe sein dat sy it op dit stuit fierstente drok hawwe om harren hjir mei dwaande te halden. Mefrou Haites: De fraach is goed beandere, fynt it spytich dat Doniastate sa reagearre hat. De PvdA hat 2 fragen stelt, in fraach oer de brief fan de hear Dam, Nije Poarte 69 en in fraach oangeande de problematyk run it kruspunt Truerderdyk/P.Jurjenstrjitte. Mefrou Visser: Op 28 februari jl. is een brief binnengekomen van de heer Dam, waar hij tot nu toe nog geen antwoord op heeft gehad. Hij vraagt hierin aandacht voor de slechte toegankelijkheid vanaf het woonzorgcentrum Skilhiem naar het dorp toe. Dit geldt ook voor de bewoners van Talant. Oolc zijn er klachten binnengekomen dat er teveel uitgestalde waar staat op de trottoirs in de Langebuorren. De vragen van de fractie van de PvdA zijn: 1Wat gaat het college doen met de, naar ons idee veel te late, beantwoording van de brief? 2. Waarom is er nog niets gedaan met de suggesties die aangedragen zijn door de beide instellingen? 3Wanneer is het college van plan de genoemde problemen in kaart te brengen en aan te pakken? Wethalder Keizer: Der is oanjun troch beide ynstellingen dat sy ridlik tefreden wiene oer de sitewaasje en dat it net driuwde. In opsichter fan gemeentewurken hat de wei nei it sintrum kuiere tegearre mei de hear Dam, om de problemen yn kaart te bringen, hjir ferwachtsje wy noch in suggestje foar in oplossing fan. De brief is yndied fierstente lang lizzen bleaun, dit is hjir wol faker oan de oarder, dit hat te meitsjen mei de hege wurkdruk.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2002 | | pagina 8