\aUec\kk<L De hear Ketellapper (GBL): Foarsitter, ik sil it probearje. Jo begunen sa moai. Jo seine dit is foar it earst in besprekking fan de algemiene skogings werby't jo ek wat oer de oare partijen sizze kinne. Jo ferjitte ien partij. Dat is it kolleezje, der woe ik wol wat fan sizze. Elkenien hat de tiid ryklik brukt. Dat ik woe ek sa'n 15 minuten probearje de minsken bezich te halden. No ja bezich halde, jo sitte hjir foar de minsken. It stikje duorret sa'n 10 minuten. No hear ik fan 'e jun wer sa'n ferhaal oer de boufraude. Ik snap der neat mear fan. Wy hiene plannen makke en begrutte op 6,2 miljoen. Wy hiene hjir minsken sitten dy't dochs wol wat rekkenje koene en dy begrutten it op 6,2 miljoen ekskl. btw. No wie der in boubedriuw Koop-Tjuchem, dy wol wurk yn it noarden hawwe. Dy hat hjir in skerpe priis dellein fan 3,7 miljoen. De hiele ried wie tige bliid. De direkteur Gemeentewurken hat der noch wat ofhelle. Dyselde firma hat letter as tank dat sy by de 11-stedetocht by Feinsum stean koene mei in tint doe f 50000,- jun foar Donia-state. Dat wie it ferhaal. Jo hawwe weinig sicht der op wer't dy minsken it jild letter foar bruke. As ik wat sponsorje, sille de minsken wol tinke dat ik it jild ergens weihelle hawwe en dat is ek sa. It giet oer bestjoeren en ofspraken neikomme. En der tink ik ek oer nei. Der wurdt hjir jun oer saken praat, dy't aktueel binne. It hinget der ek fan of, wer't jo as partij sitte, foar of achter de tafel. Der moat je begrip foar hawwe. De BSO is by elkenien in soarch. Der gebeure faak dingen dy't ongrijpbaar binne. Wer leit him dat oan? Ik haw yn in fergadering sitten mei de hear Vos as foarsitter en dy sei dat er twa lokalen hiere soe en dat wie dat probleem (BSO) oplost. Ik haw doe noch frege oft der in tredde lokaal wie. Ien kear de stroom der of en der is mar wer in protsje bern by. Mar skynber is de oare deis de hear Yos der net mei utein set en hawwe der wat tukelteammen west. It fenyn sit him yn it staartje dizze jun. Jo hawwe jo eigen ferhaal op tafel. Alle fraksjes sille har yn myn ferhaal kinne. As jo dingen better hawwe wolle, dan moat jo by it begjin beginne. Dat is boppe. Wy moatte om us hinne sjen en yn in win-win- situaasje gearwurking mei oare gemeenten net utslute. It hat faak sa west dat in gemeentebestjoer, en dat slacht yn alle gefallen net op jo, dat in boargemaster it leafst syn eigen territoarium ofskermet, want hy of sy hat it goed foarinoar. As jo de kosten foar in jurist of in griffier mei in oare gemeente dele kinne, moatte je soks dwaan. Alle dingen dy't hjir jun op tafel komme, kin ik wol wurdearring foar opbringe, der sit wat achter, der sit in miening yn. Ik haw de klok net yn de gaten halden, mar ik tink dat ik ophalde moatte en nei myn stikje gean moat, want oars tinke de minsken en dan wurdt it roerich.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2002 | | pagina 11