De hear Elgersma (GBL): Dat wie krekt de bedoeling by it biblioteekoerlis. Partijen dy't optysk like fier of noch fierder fan it foarstel of stiene, waarden der wol by belutsen. De hear Ketellapper (GBL): Wat it dualisme oanbelanget, GBL wol altyd de boarger derby beluke. De hear Dijkstra (FNP): Wy stiene der optysk net sa fier fan of. In pear dagen derfoar wie der al oerlis mei de beide oare partijen. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Moasje oer griffier ynlutsen. De saak is no op de rit. Moasje 18 (Aldlan II): wy prate oer in ruch sketsplan. Dat moat sa gau mooglik klear lizze. Net wachtsje op helderheid wenningkontingint en wenbehoefte-undersyk: dat duorret fierstente lang. De hear Roosma (PvdA): Wij zouden niet ingaan op de moties. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Kommisje foar untwikkeljen fisy op gemeente moat utein sette. Griffier hat tasein dat it by de agindakommisje oan de oarder komt. It antwurd fan it kolleezje oer it bestimmingsplan Middelsee II femuvert it CD A. Der is grun oankocht en no wurdt der praat oer in undersyk nei de ekonomyske helberheid. It soe krekt oarsom weze moatte. Der moat sa gau mooglik in oanbestegingsprotokol komme. Der binne soargen oer it BTW-kompinsaasjefuns en it ofskaffen fan de OZB, deroer moatte partijen kontakt opnimme mei partijgenoaten yn Den Haach. Der moat mear ynformaasje ut it gearwurkingsferban komme. De hear Dijkstra (FNP): Wurdt der wol temyn weromkeppele nei de ried oer it gearwurkingsferban lykas PvdA hawwe wol. Faaks is der gjin nijs. De hear Roosma (PvdA): Ynformaasje komt gauris ut de krante, wylst de leden dochs in ynformaasjeplicht hawwe. De hear Dijkstra (FNP): Klassikale behanneling fan de begrutting foldocht goed, mar net oant utlis oant achter de komma. De hear Lageweg (GBL): De eardere foarm mei kolleezje en ried foldie better. By in iepenbiere behanneling wolle partijen graach skoare by it publyk. De riedsleden moatte ynformaasje krije dy't letter yn de algemiene skogings ferwurke wurde kinne. De hear Dijkstra (FNP): Wenbehoefte-undersyk: de tiid giet fierder en der moat in nij ferhaal komme. Yn Drinte is in aardich projekt der't DS en soarchsektor ta aardige resultaten komme. De besunigingen moatte yn breder ferban besjoen wurde. De hear Doting (VYD): De fraach fan de FNP wa't de OZB betelje moat, is dat de leden fan de WD dat al aardich dogge. It giet derom dat de lesten net sa mar fia de OZB by de boargers telane komme. De hear Dijkstra (FNP): De ofskaffing OZB is net yn it belang fan us gemeente, omdat it foar de gemeente ungeunstich utfalt.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2002 | | pagina 15