flip Skogings 2002 Achte kolleezje leden fan de ried, oanwezigen en harkers nei Radio Middelse. Ynlieding. Foarsitter, de Haachske polityk hat bepaald dat de polityk yn 2002 wer ynteressant wurde moat foar de boarger middels it saneamde "DuaKsme". Dat de polityk dit jier wer tige nijsgjirrich wurden is, is yndied wier, mar dat hat neat te krijen mei it saneamde "Dualisme". Mei de komst fan de LPF soe der hiel wat feroarje, Den Haach soe op'e kop stean. Ja, der is gans libben yn it Haachske brouselfabryk kommen. Foar ferdivedaasje hoegden jo net mear nei de Harmonie yn Ljouwert, de tillevyzje bea in protte "politike kultuer". Yn junfoljende pro gramma's waard de boarger "ter leering ende vermaeck" by de pobtyk belutsen. In goede saak soene jo sizze, mar wie dat no wol sa. De LPF soe de besteande polityk wolris efkes sjen litte hoe't ien en oar moat. Ien ding hat de LPF foarelkoar krigen en dat is dat de besteande Haachske pobtyk op in oare wize regeare sil of moat. In earste posityf sinjaal wie der al, mar lykas ien swel noch gjin simmer makket, moatte wy net holderdebolder yn juchhei stimming omslaan. Minister Remkes, ien fan de pear VVD-ers dy't skynber reabstysk is, hoopbk bbuwt hy dat ek, wol net langer tbd fergrieme oan gemeentbke weryndiebngs. Dit yn tsjinstelbng ta syn partijgenoat Ed Nijpels, de kommissaris fan de keninginne, dy't de gemeenten yn Fryslan de weryndieling troch de strot triuwe wol. Ien en oar die wol bbken ut it provinsjale undersyk nei de knipepunten yn it Fryske lokale bestjoer: Spegels foar de grietenijen. It soe better weze dat Nijpels sels yn'e spegel sjocht en ferfolgens wat oan selsrefleksje docht; Remkes is him al foargien. Fernielsucht jongerein en de boufraude. Foarsitter foar wy oergeane nei saken dy't ynfloed hawwe op de begrutting, wobe wy noch efkes stil stean by in twatal saken werby de FNP krume teannen krige. As earste wobe wy neame de fernielsucht fan de jongerein yn us gemeente. By de Skule is foar sa'n 114.000,= Euro femield. De grize giet us oer de grouwe dat de plysje oant no ta noch net by steat is de dieders by it nekfel te pakken. It kin dochs net sa weze dat de jongerein en/of de aldelju mear macht hawwe as de plysje, want dan komt de rjochtsteat yn'e knipe. As twadde wobe wy neame de boufraude, werby us gemeente foar sa'n 240.000,= Euro yn'e pet lutsen is. Wy ffeegje us of oft der nimmen wie dy't de oannimsommen te heech fun of hifke hie op reabteitswearde. It is dochs net in spultsje fan: Hawar, it hat sa moatten?

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2002 | | pagina 32