De lesten foar de boarger. By de skogings yn 2000 foarsitter, hie de FNP it deroer dat jo foargonger, oangeande de lesten foar de boarger, elke kear sei: "Gemeente Leeuwarderadeel staat nog lang niet bovenaan". Yn'e Ljouwerter Krante fan 28 desimber fan ferline jier stie dat us gemeente foar 2002 al op it tredde plak stiet. By sporteveneminten is soks in brunzen medalje wurdich, dochs fynt de FNP dat de ried gjin aspiraasjes hawwe moat foar goud te gean. Ofskaffing OZB. Yn it rapport fan"Coelo" stie dat Ljouwerteradiel koarten wurde sil op de jilden ut it gemeentefiins mei sa'n 489.000,= Euro. Ien en oar nei oanheding fan it Haachske foamimmen om de OZB of te skaffen. In stokhynder fan de WD. Sels de WD yn us gemeente is foarstander fan dizze maatregel, dat wie te hearen op in ferkiezingsjun yn'e Skalm begjin dit jier. De FNP fireget har of wer't de WD dat jild dan jierliks wei helje wol. By har eigen leden, as in sosjaal gebaar miskyn? Organ isaasje. It rapport fan de ynspeksje fan it ministearje fan VROM joech oan dat Ljouwerteradiel in kwaliteitsslach meitsje moat op it med fan bousaken. It feroaringsproses dat geande is yn'e rest fan de organisaasje hat ta gefolch dat ek der mear personiel nedich is om ek der de taken op in goede wize ut te fieren. Soks betsjut wol dat der mear jild frijmakke wurde moat om dat allegear te bekostigjen. Den Haach komt net oer de brege mei in ekstra ponge mei jild. Wentebou/folkshusfesting. Yn it ramt fan de ofspraken yn BOSL-ferban soe der yn 2002 in werferdieling komme fan it wentebouprogramma. Dat wurdt ek heech tiid sjoen it feit dat Ljouwert by lange nei net oan har wenteboupro gramma foldwaan kin. It probleem fan Ljouwert is dat de Ifaach nei de djoerdere wenten fier achterbliuwt by de winske doelstelling en it derby feststelde kontingint. It WOBOF-ferhaal, fan der moatte mear wenten komme yn it hegere segmint, is te posityf opset en giet sa't wol bliken docht net mear op. (sjoch ek mar nei IJburg yn Amsterdam) Al mei al betelje wy no al in pear jier it gelach, want fase II en III yn it Aldlan lizze der rendamintsleas by. Soks kostet ek wer in protte jild. BTW-kompensaasjefuns. In oar fenomeen ut Den Haach, is it saneamde btw-kompensaasjefuns. Dit tuns hat in hichte fan sa'n 56 Euro de ynwenner. It Ryk draacht de earste pear jier by sadat de klap noch net al te hurd oankomt, mar dochs is it wer in oanslach op de finansjes. Foar us gemeente hat dit funs allinnich mar neidielen. Sels inkelde grutte gemeenten binne der mei oantangele. Ien en oar stie te lezen yn in VNG-publikaasje.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2002 | | pagina 33