Utkomst begrutting 2003 en fierder. Foarsitter, de begrutting foar 2003 lit in posityf risseltaat sjen fan sa'n 124.000,= Euro. Boppedat is der noch romte fan krapoan 75.000,= Euro foar utjeften dy't noch net te foarsjen binne. De "reserves en voorzieningen-" binne mei sa'n 2 tanommen. We kinne mar noflik achteroer hingjen gean, is't net sa? Yn it riedsprogramma hat de ried festlein dat de utfiering fan besteand belied prioriteit hat boppe it meitsjen fan nij belied. Soks betsjut dat de ried de kommende jierren in konservearjende halding oannimme sil en him dus om dy reden ek wol deljaan kin? Nee fansels net, de hjoeddeiske maatskippij en Den Haach soargje der wol foar dat wy op us iepenst bliuwe moatte. It kolleezje skriuwt, oangeande de untwikkelings by de OZB, dat de ried him der net drok om hoecht te meitsjen. Foarsitter, de FNP makket him der just wol drok om. De "Zalmsnip", de hundert gune lestenfermindering foar de boarger, wurdt yn 2005 net mear utkeard, en dat flak foar de ferkiezings. Nei de boarger ta komt it ofskaffen fan de OZB hiel simpatyk oer. Yn us eagen sil om dy reden de OZB dan just wol ferdwine. Foarsitter, al is it ofskaffen fan de OZB op dit stuit noch mar in foamimmen, dan noch fynt de FNP dat de ried der op ynspylje moat en in sinjaal rjochting Den Haach ofjaan moat. Itjinge it "Coelo" us tinkt foar te skriuwen, de rioelbelesting en de offalstoffenhefiBng ta it maksimum te ferheegjen, is aardich betocht mar kin fansels net. De finansiering fan sawol de riolearing butengebiet as fan it werbrukstasjon yn Stiens moatte dan earne oars socht wurde. De restearjende 219.000,= Euro, dy't jierliks ek noch boppe tafel komme moat, sil op de ien as oare manier ek op de boarger ferhelle wurde moatte. Yn'e foarm fan in gebrukersbelesting op us foarsjennings miskyn? Ta beslut. Foarsitter, de ried en it kolleezje binne utein setten mei it dualisme. De ofstan tusken de ried en it kolleezje is dermei in feit, wy geane der dan ek fan ut dat de riedsfraksjes en it kolleezje dizze nije sitewaasje respektearje wolle. Sa't ien en oar gien is yn'e leste riedsgearkomste, oangeande it kampke by de mune, wie net in foarm fan dualisme mar fan solisme tusken in riedsfraksje en in wethalder; de skaaimerken fan in ien-partij-stelsel. De FNP hopet dat it by dizze iene kear bliuwt, want oars sit gemeente Ljouwerteradiel mei in grut probleem. Foarsitter, de FNP winsket it kolleezje, de ried mar ek us amtners in protte wysheid en in soad nocht en wille ta foar it kommende jier, yn it belang fan de boarger en us gemeente. Tankjewol. Stiens, 31oktober 2002 FNP-fraksje Ljouwerteradiel Jan Willem Tuininga Folkert Dykstra 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2002 | | pagina 34