CDA Ljouwerteradiel Fraksje gemeen+erie. Algemiene Skogings fan de CDA-fraksje Mei fleur en faasie. It CDA wurket fanut de bibelse inspriraasje en wol har derom ynsette foar in maatskippij dert elk syn ferantwurdelikheid drage en wiermeitsje kin. Boppe dizze skogings stiet: mei fleur en faasje. Dit motto soe de CDA-fraksje dizze begrutting mei jaan wolle.Jk siz mei sin soe.,want as men de oanbiedingsbrief by de begrutting lest soe men tinke dat it kolleezje tal fan saken mei faasje oanpakke wol. En ek mei fleur ,want we ha in begruttingsoerskot. Mar by dy faasje set de CDA-fraksje de nediche fraachtekens. It dualisme. De rie besiket mei fallen en opstean mei en yn it dualistyske systeem te wurkjen. It fait net altyd ta en we moatte noch in soad leare. Mar om us nije taak goed utfiere te kinnen ha wy sa gau as mooglik in griffier nedich. Hieltyd mear docht bliken- hoe nedich.De twa petten, dy't us gemeentesiktaris no ophat is net winslik en feitlik in unmooglike sitewaasje. As hy beide funksjes serieus oppakke wol moat er geregeld mei himsels yn konflikt komme. Feint fan twa masters weze is in unmooglike opjefte. De CDA-fraksje fynt dat wy mei syn alien de grutste faasje meitsje moatte mei de oanstelling fan in griffier fan buten dit hus. De prosedure hie juster al yn gong setten weze moatten. Wy hawwe grutte twifels oft de datum fan 1 maart 2003 wol helle wurdt. Us fraksje tsjinnet hjiroer in utstel yn. Kaders stelle weryn't foarnommen belied utfierd wurd moat ek sa gau mooglik barre. Binne der gjin kaders, dan is foar de rie gjin kontrole mooglik. Yn it ramt fan it dualisme moat de gemeente foar 1 maart 2003 in gedrachskoade ha foar ried, wethalders en de boargemaster De CDA-fraksje wol dat der ek sa gau mooglik foar it oanbesteegjen fan bouwurken in goed protokol komt. Oan kaderstellen is noch neat dien, mar us fraksje fynt it fan it grutste belang dat der foar it oanbesteegjen sa"n protokol komt. Byneed foarut rinnend op ofspraken oer oare kaders.. Ferlyne jier by de tukelteammen oer de bou op "it eilan" is soks us al min of te meartasein. De bou fan de skoalle yn Hyum komt der oan Dan moatte der dudlike rigels weze. De fvzie op en de takomst fan us gemeente As rie ha wy yn septimber hjir opiniearend oer debattearre. Us fraksje is bliid dat de mearderheid fan de rie it idee fan it CDA oernaam hat om in riedskommisje yn te stellen om in fyzje op de gemeente te untwikkeljen of by te stellen. Fraach oan de foarsitter fan dizze rie: kinne wy de ofspraak meitsje dat bedoelde kommisje oer 14 dagen foar it earst by elkoar komt? Mocht hjir (ik bedoel dizze kommisje) ien of oar model fan fierdergeande gearwurking utkomme dan hoecht soks net yn't foaren besmet te wezen., is us miening De CDA-fraksje is yntern dwaande mei it untwikkeljen fan sa'n fyzje. Ljouwerteradiel, algemiene skogings oktober 2002

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2002 | | pagina 35