2 Beg rutting Wat de yndieling oangiet liket dizze begrutting noch in soad op dy fan foarig jier. Spitich Yn jannewaris 2002,sa is us foarich jier troch de portefeuillehalder finansjes tasein, soe der in start makke wurde mei de nije program begrutting dy't takomme jier trouwens ferplichte is. Dizze begrutting is fest mei fleur en faasje makke, Want sa op it earste gesicht sjocht it der wol goed ut, in begruttingsoerskot fan rom €123.000 No liket dit moaier as it is. It kolleezje seit fan dizze begrutting dat dy tige aktueel is. De septimbersirkulaire is der al yn ferwurke. En dit skriuwen wie in moaie meifaller, want de utkearing ut it gemeentefuns wie strukturiel nochal wat heger As jim op presies deselde menier begrutte hienen as oare jierren, dan wie de begrutting heechstwaarskynlik negatyf west. Dit haldt foar us wol yn dat jim no oare jierren ek konsekwint weze moatte en fierders de allerleste sifers ferwurkje moatte. Mar dizze tige aktuele begrutting is ek tige kwetsber, want der komme no gjin ekstraatsjes mear efterof. Wy moatte derom de utjeften takom jier binnen de begrutting halde. De mearjierrenruzings jouwe in hurd ofnimmend oerskot te sjen en yn 2006 al wer in tekoart. In aktuele begrutting seit it kolleezje. Mar as dy aktualiteit ynhaldt dat der by "oare belangryke saken" yn de oanbiedingsbrief ek al it oanlizen fan in keunstgersfjild yn Britsum.wer't noch nea oer praat is, neamd wurdt, dan giet us dat te fier. Wy wolle net fierder gean dan dit hiele haadstik foar kundskip oannimme. En kinne wy der wis fan weze dat fierder alle saken wat it dualisme oangiet yn de begrutting fertaald binne? De machtiainqslist. Wy ha as CDA-fraksje der beswier tsjin om it kolleezje te machtigjen nij needsaaklik belied ut te fieren..As wy in machtiging ofjouwe wolle wy graach witte werfoar en foar welk bedrach.En dat is no lang net altyd dudlik. Nim no bygelyks de post husfesting "de Skalm", opnaam op'e list needsaaklik nij belied. Der stiet in bedrag op dat hielendal net underboud is. As we soks goedkarre witte we net iens wer't we it jild foar utjouwe. Foarliochtinq en vnformaasie oer de begrutting De CDA-fraksje hat de ofrune jierren ferskate kearen oantrune op in bettere foarljochting oer de begrutting en beliedsfoarnimmens fan it kolleezje nei de boargers yn us gemeente. Wolle we de boargers mear interessearje foar de polityk dan moat der mear barre. In simpele parsekonferinsje is net genoch. Us foarstel is it meitsjen en fersprieden fan in begruttingskrante oan alle ynwenners yn us gemeente. Hjiryn kin it kolleezje foarljochting jaan oer it te besteegjen jild en beliedsfoarnimmens en kinne de poltitike partijen oanjaan wat sy oan plannen hawwe. Yn it ramt fan de boargerpartisipaasje kin sa'n idee gewoan net oan de kant lein wurde. De befolking wurdt sa folle mear by de begruttingsbehannelingen belutsen. Wa wit sit de publike tribune dan takom jier fol, net allinne mei politike stipers,(dy binne fansels ek wolkom) mar ek mei ynterssearre boargers. Us fraksje tsjinnet hjirta in utstel yn. Risikoparauraaf. Yn de risikoparagraaf wurdt sein dat foar utwreiding fan de personielsformaasje €220.000 utlutsen is. Der kinne tinkt us 4 minsken foar oanlutsen wurde, wylst der yn it K en V rapport sprake is fan mear. Komt dit wol goed? Ljouwerteradiel, algemiene skogings oktober 2002

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2002 | | pagina 36