3 Husfestinq BSO en planuntwikkeling terrain Paedwizer It kolleezje seit besteand belied earst ofmeitsje te wollen. Prima, ha wy ek ofpraat.. Mar dan moat soks wol konsekwint en mei faasje barre. Sa as oare husfesting foar de BSO. Dy is no al opskoud nei 1 jannewaris 2004. En salang moat dan foar de BSO noch de Paedwizer brukt wurde .Oan de Paedwizer kin dan noch net in nije bestimming joun wurde en stiet de planuntwikkeling op in leech, nee in kald pitsje. It duorret us allegearre fierstente lang. Leechsteande gebouwen fan de gemeente kostje jild en foarmje in grut risico foar fernielsucht. De CDA-fraksje fynt dat it kolleezje alles yn it wurk sette moat om de tiid dy't de BSO noch yn de Paedwizer sit sa koart mooglik duorje te litten. En dat yn't foarste plak net om't wy noed ha mei it gebou de Paedwizer. Yn it earste plak om't de BSO no einliks wolris in goed underkommen ha mei. De unfrede by de alders hjiroer is grut, ik ferwiis nei it brief fan it aksjekomite fan de BSO. Yn de kommisjegearkomste fan febrewaris fan dit jier binne der ofspraken makke.lt aksjekomittee wie tefreden en hat himsels untbun. It stribjen wie de BSO foar 1 jannewaris 2003 yn de "Uthof" under te bringen Dit slagget dus hinne en benei net. En deroer hie de wethalder op syn minst de rie en alders ynformearje moatten.. Ferlyne jier hie de wethalder, doe noch fraksjefoarsitter fan syn partij,, krityk op it kolleezje oer it op'e tiid klear kommen fan tal fan saken en plannen. Wy soene no deselde fraach wol oan dit kolleezje stelle kinne. In moasje fan us partij oer de BSO tsjinje wy hjirby yn. Planuntwikkeling Aldlan II Yn us riedsprogramma stiet dat de gemeente stribje sil nei fergrutting fan it oantal nij te bouwen wenten. It is wol dudlik dat Ljouwert de oangiene ofspraken oer de wenningbou lang net neikomme kin De CDA-fraksje fynt derom dat de gemeente ynsette moat op in ferdieling fan (alteast in diel) fan de wenningen dy't Ljouwert net bouwe kin. De tiid fan ofwachtsjen en stilhalde is, wat us oangiet, foarby. Wy moatte fan us hearre litte. Fan us kant moatte dan de plannen foar Aldlan II klearlizzen ha om sa sjen te litten dat we in wichtige bydrage leverje kinne .In plan mei wenningen wer't ferlet fan is, hierwenningen en keapwenningen yn de goedkeape sektor, de saneamde starterswenningen. Om sosjaale wenningbou finansjeel mooglik te meitsjen kinne der oan de ranen djoerdere keapwenningen boud wurde. De CDA-fraksje freget it kolleezje om derfoar te soargjen om foar 1 maaie de plannen klear te hawwen en de fugel net oer it net fleane te litten Middelsee II. Foar us gefoel sit ek hjir gjin faasje yn. Earlik sein snappe we net dat der no noch neat bard is en der hieltyd noch gjin plan leit Middelsee I is fol en nee ferkeapje oan in undernimmer dy't him hjir festigje wolkin net Dan giet men wol earne oars hinne. Soks kin in gemeente dy't prat giet op in goed undernimmersklimaat him dochs net permittearje. Oer faasje praat. De hiele problematyk fan de riolearring yn it butengebiet spilet ek al in hiel skoft. Hoe stiet it hjirmei? Fuzie Sosiale Saken. De fuzje fan us tsjinst fan sosjale saken mei dy fan Ferwerteradiel hat noch altyd syn beslach net krigen. Us fraksje kin har wier net yntinke dat dit sa lang duorje moat. In jier ferlyn soe it al yn kalk en semint weze.Mar it liket der noch net op. As ik te negatyf bin hoopje ik dat de wethalder us bettere berjochten jaan kin. Ik soe dat graach wolle, want it opunthald dat no untstiet liket us fraksje hiel neidielich en frustrearjend foar it wurkjen fan de ofdieling sosjale saken sels en is seker net goed foar de "clienten". Op dy ofdieling is der in strukturiele underbesetting om't it personiel mei it each op de fuzje net mear ferfongen wurdt.... De CDA-fraksje fynt dat dy fuzje,wer't de rieden fan beide gemeenten oardel jier ferlyn al ta besletten hawwe, mei yngong fan 1 jannewaris 2003 syn beslach krije moat Ljouwerteradiel, algemiene skogings oktober 2002

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2002 | | pagina 37