CDA Leeuwarderadeel 4 Boufraude. Yn septimber hat de CDA-fraksje skriftlike fragen steld oan it kolleezje oer de boufraude,wer't mooglik ek us gemeente by belutsen is. Us fraksje hat frege om in eigen undersyk fan it kolleezje nei de gong fan saken doedestiids. Wy hawwe fan it kolleezje in neatsizzend antwurd krigen.weryn't net ien fan de troch us stelde fragen beandere is.Fander dat we der no op werom komme In undersyk soe no gjin doel ha en soe ek in te grutte oanslach dwaan op'e beskikbere minskkreft hjir yn dit hus.Yn us eagen is dit leste in streekrjocht swaktebod. En werom gjin undersyk en earst de utkomsten fan de bouenkete ofwachtsje? Tinke jimme dat it gefal Ljouwerteradiel der apart undersocht wurdt? Mar wethalder Keizer seit yn de krante dat de gemeente it mooglik tefolle betelle bedrag werom foarderje wol. Dermei suggerearje je op syn minst dat der wat werom te foarderjen is. Mar dan sil it bewiis derta wol levere wurde moatte,.Reden genoch om it kolleezje nochris mei klam te fersykjen no al in undersyk te begjinnen. In ustel hjirta tsjinje wy no yn. En dus: Amtners, kolleezje en rie: "haldtde fleur deryn".. Ut namme fan de CDA-fraksje, Froukje Haites-Miedema Voor meer informatie: Fractie gemeenteraad, voorzitter F.Haites-Miedema, tel.: 058-2572687 secretariaat: R. den Dunnen, Tulipastrj. 48, 9051 NG Stiens Ljouwerteradiel, algemiene skogings oktober 2002

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2002 | | pagina 38