Oan Minister Hoogervorst Postbus 20201 2500 EE Den Haag oangeande: foamimmen ofskaffen unrepliksaakbelesting (OZB) datum: 31 oktober 2002 Achte hear Hoogervorst, Nei oanlieding fan jo foamimmen om de unrepliksaakbelesting of te skaffen, en it rapport fan it Coelo oangeande de finansjele gefolgen by effektuearjen fan jo foamimmen, freegje wy jo omtinken foar it folgjende. Gemeente Ljouwerteradiel sil troch it ofskaffen 489.000,= Euro minder ynkomsten krije. It Coelo hat besifere dat wannear de offalstoffenheflSng en de rioelbelesting oant it maksimum ferhege wurde, de gemeente noch mei in gat fan 219.000,= Euro sitten bliuwt. Dit bedrach soe dan helle wurde kinne by de sportfoarsjennings en de kulturele foarsjen-nings, sa'n 35% ferheging, itjinge wy net yn it belang fan us boargers achtsje. Ien ding hat it Coelo oer de holle sjoen en dat binne de ynvestearrings dy't gemeente Ljouwerteradiel dwaan moat op it med fan offalstoffenferwurking yn in saneamd werbrukstasjon (kringloopstation), en op it med fan riolearingssaken yn it butengebiet. Beide ynvestearrings soene fmansearre wurde ut sawol de offalstoffenhefiSng as de rioelbelesting. No't dizze finansieringsboamen al foar oare saken as dekkingsmiddel nedich binne, sit gemeente Ljouwerteradiel mei in grut probleem. Om no de hiele 489.000,= Euro by de sportfoarsjennings en de kulturele foarsjennings wei te heljen is net helber en achtsje wy unferantwurde. De foarsjennings sille op dizze wize allinnich tagongklik weze foar in lyts tal minsken. Om koart te gean; wy lfeegje lis of wat it foardiel fan it ofskaffen fan de unrepliksaak-belesting yn jo eagen feitlik is. Wy roppe jo dan ek op om jo foamimmen net te effektuearjen. Ut namme fan de Ried fan de gemeente Ljouwerteradiel, it Kolleezje fan Boargemaster en Wethalders.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2002 | | pagina 49