8. Stichting Alg. Bibliotheek Leeuwarderadeel - Budzjetofspraken 2003-2006. De hear Elgersma (GBL): Akkoart mei ferheging boekebudzjet mei 4000,-, festhalde oan boete-ynkomsten (smyt sa'n 5000,- op). De 16000,- foar werynrjochting fan bibliteekgebou net allinne foar dat doel brake, mar u.o. ek foar gearwurkingsferbannen. Stiet achter it utstel fan kolleezje om 20000,- yn de begrutting op te nimmen. De hear Dijkstra (FNP): Werom net oerlis mei biblioteek? Tusken biblioteek en kolleezje sit noch in gat fan 26000,- Earst moasjes ofwachtsje. De hear Roosma (PvdA): De PvdA en it CD A hawwe by de Algemiene Skogings moasjes yntsjinne, dy't anneks mei dit punt binne. Dy moatte deryn behelle wurde. De foarsitter: Een korte schorsing van de vergadering, zodat iedereen zich kan verdiepen in de bedoelde moties. De hear Roosma (PvdA): Yn de moasje fan de PvdA wurdt plak fan de biblioteek oanjun. Wol 30000,- foar de biblioteek utluke, yn de moasje wurdt ek in dekking oanjun. De hear Doting (WD): WD stiet achter de posten boekebudzjet, bibliotheek.nl en it optimalisearjen fan it Dokumintaasjesintrum. Mefrou Haites-Miedema (CD A): It CD A wol 35000,- tasizze om de biblioteek wer by de tiid te bringen. Wethalder en biblioteek hawwe de frijheid om dat foar de posten sels yn te foljen. Ekstra jild ut de begrutting: sporttariven mei 3% ekstra ferheegje (opbringst 11200,-) en de rest 3800,-) ut de post struktureel unfersjoen. Wethalder Admiraal: De 20000,- is opnommen fanwege de diskusje. It kolleezje is net yn underhanneling mei de biblioteek. It is posityf dat yn de moasjes foar ekstra jild in finansjele underbouwing jun wurdt. It makket it lykwols ek lestiger, omdat in oar wurldjild deryn behelle wurdt. Wethalder Keizer: Posityf oer dekking, mar om de biblioteek te ferbinen oan de sporttariven is op dit stuit net akseptabel. De foarsitter: De raad zal zich erover uitspreken wat met de moties gebeurt. De hear Roosma (PvdA): Wie ontraadt nu de motie? De foarsitter: De raad spreekt zich uit over de moties. Een portefeuillehouder kan een signaal afgeven. De hear Ketellapper (GBL): Hat it CD A noch oare dekkingsfoarstellen? De foarsitter: Een schorsing om de bespreking van de moties voor te bereiden. Twadde termyn

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2002 | | pagina 8