De hear Elgersma (GBL): Guon partijen geane te besletten mei it dualisme om. De 20000,- is elk jier ekstra. De dekking kin samar net ut de sporttariven komme. It eardere undersyk fan it arsjitekteburo hat ek al sa'n 16000,- koste. GBL bliuwt by eardere opstelling. De hear Dijkstra (FNP): Wol earst taljochting fan de nije moasje troch PvdA ofwachtsje. De hear Roosma (PvdA): Partijen dy't yn deselde rjochting tochten, hawwe mei'inoar om 'e tafel sitten. De hear Elgersma (GBL): WD en FNP sieten der ek by. De hear Lageweg: Is dit de nije strategy fan de PvdA? De hear Roosma (PvdA): Twa partijen sieten yn har moasjes ticht byi'noar en binne derom by'inoar kommen. De hear Doting (WD): De WD is it net iens mei de hannelswize fan de PvdA. De hear Roosma (PvdA): Yn oerlis mei it CD A komt in nij utstel. 30000,- ekstra. 5000,- ut de post struktureel unfoarsjoen en ferheging foar de sporttariven boppe de ynflaasjekorreksje fan sa'n 1%. De ferhalding sport-kultuer is wat ut syn lykwicht. De hear Dijkstra (FNP): FNP stiet hjir achter. De hear Doting (WD): Haldt oan itselde fan de earste termyn fest. Mefrou Haites-Miedema (CDA): De moasjes binne yn'inoar skood. Akkoart mei de nije moasje. De hear Lageweg (GBL): Snapt halding fan FNP net. De fmansjele tastan lit gjin grutte sprongen ta. No wurdt jild trochskood nei in oar objekt. De hear Dijkstra (FNP): De lesten fan de sport binne heech. De foarsitter: De definitieve besluitvorming vindt in de vergadering van 7 november plaats. Wethalder Admiraal: It dekkingsfoarstel rint foarut op de diskusje dy't noch plakfine moat oer akkomodaasje- tarivebelied foar de sport. De foarsitter: Volgende week komt de motie in stemming. 9. Beslut beswierskriften oangeande de hichte fan de takende planskeafergoeding Lege Hearewei 7 en 9 te Stiens De hear Dijkstra (FNP): Der spilet noch wat. It is in kwestje fan gedoge of hanthavenje. Der is noch gjin slus foar it lossen en laden fan frachtweinen by CI000. Wethalder Keizer: Der is in brief deroer nei CI000 gean. Op utfiering sil goed tasjoen wurde.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2002 | | pagina 9