De hear Dijkstra: Freget oft it kolleezje utlis jaan kin, oangeande de BSO, wat der allegearre bard is yn it underhannelingstrajekt mei Talant yn 'e perioade maart 2002 oant no ta, en hoe kin it dat de aide bewaarskoalle oan de Ritske Boelemstrjitte ynienen buten byld rekke is, sjoen de positive luden fan it kolleezje yn febrewaris fan dit jier. Wethalder Admiraal: Lit witte dat it probleem BSO op dit stuit in protte soargen en sliepeleaze nachten mei harren meibringt. De BSO hat ferskeidene kearen underwerp fan gesprek west yn it kolleezje, omdat it net slagje wol hjir in oplossing foar de finen. It is in moeilike matery, boppedat kin de gemeente hjir net in miljoen tsjin oan goaie. By it oankeapjen fan in skoalle sil dizze ek ferboud wurde moatte en dan moat sjoen wurde at dit rendabel is. Hat fierder spyt dat it net oanpakt wurde kin. Doel is no om mei meardere opsjes te kommen, dy't dan tsjin inoar of wage wurde kinne. Fierder kin it kolleezje gjin tasizzings dwaan oer datums. Seit wol ta om mei in totaalferhaal te kommen yn gearwurking mei in ekstem persoan. It probleem bestiet al hiel lang, mar dat wol net sizze dat der no mei faasje in oplossing socht wurde moat, hjir moat goed nei sjoen wurde. Seit fierder gjin ferlet te hawwen om fanof febrewaris aide kij ut de sleat te heljen. Wol net graach dat no eltse moanne ffagen hjir oer komme. Hopet op fertrouwen ut de ried. De hear Dijkstra: Freget wat him ofspiele hat fanof febrewaris, en wat de opstelling fan Talant hjiryn is. Wethalder Admiraal: Seit ta hjir op werom te kommen. De hear Elgersma: Kin him fine yn it antwurd fan de wethalder. Hopet wol dat der alles oan dien wurdt om dizze problematyk op te lossen. Mefrou Haites: Lit witte teffeden te wezen mei it antwurd. Freget fierder hoe't de kommunikaasje is tusken de wethalder en de BSO. De hear Roosma: Begrijpt het antwoord van de wethouder. Pleit er voor dat de wethouder in gesprek gaat met Talant. Wethalder Admiraal: Dielt mei dat it aksjekomitee noch nea kontakt socht hat. Ien kear is der, nei oanlieding fan in brief dy't stjoerd wie nei it kolleezje, kontakt west mei de foarsitter fan de aksjegroep. Foarsitter: Constateert dat op dit moment de vragen voldoende zijn beantwoord, en dat er een vervolg op komt. De hear Dijkstra: Freget oft it kolleezje helderheid ferskaffe kin oer itjinge der sawol op koarte termyn as lange

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2002 | | pagina 6