GEMEENTE 10 L J OU WERTERADIEL Riedsgearkomste: Utstelnumer: Behan. amtner: E-mail: Tillefoannu.: 30 jannewaris 2003 2003/6 Gerrit de Vries gerrit@leeuwarderadeel .nl 058 -2576617 Stiens, 20 jannewaris 2003 Underwerp: Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear Beslut dat nommen wurde moat: It oannimmen fan de Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear Koarte ynhald: Yn de Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear is festlein dat it de bestjoersorganen fan de gemeente ffij stiet om sels de kar te meitsjen foar it bruken fan de Fryske of de Nederlanske taal. Derby wurdt in tal kritearia neamd, op gran fan de Algemene wet bestuursrecht, dy't by dy kar in rol spylje moatte. It bestjoersorgaan moat mei oare wurden foar alle sitewaasjes de belangen ofweagje. Wichtige yntinsje is om de posysje fan it Frysk yn it skriftlik ferkear te fersterkjen. Mei it feststellen fan in oardering (artikel 2:9 fan de Algemene wet bestuursrecht) wurdt stal jun oan oan de wetlike basis fan twataligens. Arguminten: Ein 1996 is yn dizze gemeente de Notysje Frysk feststeld en der binne ferskate beliedsfoamimmens en doelstellings yn opnommen, u.o. oangeande it bruken fan it Frysk yn it skriftlik ferkear. It feststellen fan boppeneamde oardering betsjut in neiere utwurking fan in part fan de Notysje en it formeel bekreftigjen fan beliedsfoamimmens en doelstellings. Kanttekenings: Yn de gearkomste fan de riedskommisje fan oktober 1.1. waard de Jierrapportaazje Frysk bespmtsen en dermei ek de mooglikheid fan in oardering Frysk. Guon leden makken harren soargen oer it feit dat der tefolle tiid hinne gean sil mei it oersetten fan stikken of dat it in soad jild kostje sil. Ut neifraach by in oantal gemeenten docht bliken dat der gjin sprake fan is. Ofsjoen fan de ferplichte Nederlansktalige ferzjes fan guon Fryske stikken op grun fan de Awb binne de fersiken om in oersetting op 'e fingers fan ien han te tellen. Mei ekstra tiid en kosten sil it neffens ferwachting dan ek wol tafalle. 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 36