GEMEENTE 10 LJOUWERTERADIEL Nu. 2003/6 De ried fan de gemeente Ljouwerteradiel; lezen it utstel fan boargemaster en wethalders fan 20 jannewaris 2003; heard it advys fan de riedskommisje fan 16 jannewaris 2003; yn omtinken nimmende dat it bruken fan de Fryske taal yn it offisjele ferkear stipe wurdt troch de gemeente; omtinken jaande oan artikel 147 lid 1 fan de Gemeentewet; omtinken jaande oan ofdieling 2.2 en yn it bysunder artikel 2:9 lid 1 fan de Algemene wet bestuursrecht; B E S L U T: om de neikommende oardering oangeande it bruken fan de Fryske taal yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Ljouwerteradiel fest te stellen. Artikel 1: definysjes Yn dizze oardering wurdt ferstien under: twataligens: kar foar de Nederlanske of de Fryske taal; bestjoersorganen: gemeenterie, it kolleezje fan boargemaster en wethalders, en de boargemaster; Artikel 2: berik fan de oardering Dizze oardering regelet it bruken fan de Fryske taal yn skriftlike stikken fan de gemeente Ljouwerteradiel. Artikel 3: rjocht fan taalkar De bestjoersorganen hawwe it rjocht om te kiezen foar it bruken fan de Fryske taal, foar safier't dat rjocht net beheind wurdt troch wetlike bepalings.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 38