Bylage 1 Taljochting it artikel. Artikel 1: Dit artikel jout definysjes foar begripen dy't net omskreaun binne yn de Algemene wet bestuursrecht. Artikel 2: Yn dit artikel wurdt de wurking fan de modeloardering oanjun. Der binne twa begrinzings. Yn it foarste plak jildt de oardering allinnich foar gemeenten en wetterskippen. Der wurde gjin regels steld dy't fan betsjutting binne foar de taalkar fan boargers. Yn de Algemene wet bestuursrecht binne der wol bepalings oer opnommen. It doel fan de oardering is lykwols rjochtswissens te bieden oan boargers yn de omgang mei bestjoersorganen. It is dan ek saak om sa dudlik mooglik te omskriuwen hoe't de gemeente of it wetterskip mei it Frysk omgiet. Yn it twadde plak jildt de oardering allinnich foar it skriftlik ferkear. It munling ferkear is in saak fan "normale wederkerende tegemoetkomendheid", sa't dat ek al neamd waard yn it einrapport fan de Kommisje Kingma Boltjes yn 1953. Demeist bixme yn artikels 2:7 en 2:8 fan de Algemene wet bestuursrecht regels opnommen oer it munling ferkear. Krekt mei it skriftlik ferkear hingje rjochten en ferplichtings gear. Yn artikel 2:9 fan de Algemene wet bestuursrecht wurdt oan de yn de provinsje Fryslan festige bestjoersorganen dy't net ta de sintrale oerheid hearre, dan ek eksplisyt it foech jun om regels te stellen foar it bruken fan de Fryske taal yn skriftlike stikken. Artikel 3: De bestjoersorganen fan in gemeente binne: de gemeenterie, it kolleezje fan boargemaster en wethalders en de boargemaster. Under bestjoersorganen fan in wetterskip wurdt ferstien: it algemien bestjoer, it deistich bestjoer en de foarsitter. Under de definysje fan bestjoersorganen yn de Algemene wet bestuursrecht falle ek de yn Fryslan festige, by mienskiplike regeling ynstelde iepenbiere lichems en mienskiplike organen. Sjoen de bestjoerspraktyk yn Fryslan fait net te ferwachtsjen dat der swierrichheden oer untsteane mei Nederlanske partisipanten. Derby kin der ek wer wiisd wurde op de "normale wederkerende tegemoetkomendheid". It rjocht fan in frije taalkar kin beheind wurde troch wetlike bepalings. Derunder wurde formeel wetlike bepalings ferstien, lykas artikel 2:10 en 2:11 ut de Algemene wet bestuursrecht en artikel 88 fan de Beropswet. It kin fierder sa weze dat gemeenten en wetterskippen sels regels festlein hawwe oer it bruken fan de taal. Dit binne dan utsunderings en dertoch jildt de oardering dan net. Artikel 4: Yn 'e diskusje oer it Frysk yn it bestjoerlik ferkear spilet de fraach oft foar twataligens of dubeltaligens keazen wurde moat. Twataligens docht rjocht oan it begjinsel fan lykweardigens, mar freget wol in bewuste kar yn eltse situaasje. Dubeltaligens jout in konkurrinsjeferhalding en it kostet mear tiid en jild om alles yn twa talen op te stellen. Yn de Algemene wet bestuursrecht bliuwt de mooglikheid iepen foar beide stelsels.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 39