Yn dizze oardering is dat ek dien om gemeenten en wetterskippen net yn it foar te beheinen yn harren mooglikheden. Wurdt der keazen foar dubeltaligens dan hoege artikel 5 en 6 net opnommen te wurden, om't by dubeltaligens gjin taalkar makke wurde hoecht en gjin oersettingsregeling nedich is. Alle dokuminten wurde dan skreaun yn it Nederlansk en yn it Frysk. De kar foar ien fan de alternativen is tagelyk in kar foar ien fan de beide stelsels. Artikel 5: Yn it oarspronklike wetsutstel fan de Algemene wet bestuursrecht wiene algemiene rjochtlinen opnommen dy't yn grutte halen oanjouwe mei hokker faktoaren rekken halden wurde moat by it meitsjen fan in taalkar. Dy algemiene rjochtlinen binne ut de uteinlike wetstekst skrast om't yn artikel 2:10 al inkelde mear twingende noarmen opnommen binne foar it skriftlik gebruk fan de Fryske taal yn it bestjoerlik ferkear. Yn de taljochting fan it ministearje fan Binnenlanske Saken (opnommen yn de nota nei oanlieding fan it ferslach fan de twadde keamerfraksjes) wurdt steld dat hja der fanut geane dat de Fryske gemeenten en wetterskippen dy't in taalkaroardering opstelle, derby rekken halde mei de earder neamde algemiene rjochtlinen. Omdat dy algemiene rjochtlinen ek oanslute by de besteande praktyk yn Fryslan binne sy opnommen yn de modeloardering. Tegearre mei artikel 2:10 foarmje sy in goede basis foar de taalkar fan gemeenten en wetterskippen. De oardering giet ut fan de algemien akseptearre utgongspunten foar regeljouwing oer it bruken fan it Frysk yn it bestjoerlik ferkear, nammentlik de lykweardigens en lykberjochtiging fan it Frysk en it Nederlansk as talen fan it offisjele ferkear yn Fryslan. Yn artikel 5, lid e binne dizze utgongspunten dellein en dermei ek it utgongspunt fan dizze oardering: it ferbetterjen fan de posysje fan it Frysk yn it bestjoerlik ferkear troch it fieren fan in eksplisyt taalbelied. Artikel 6: In oersetting fan in Frysktalich stik op fersyk sil (ynearsten) fergees jun wurde. Artikel 7: Omt der sitewaasjes weze kinne weryn't it net ridlik is sjoen de omstannichheden om fest te halden oan it bepaalde yn'e oardering is der foar keazen om dizze ridlikheidsklausule op te nimmen. Der soene ommers omstannichheden weze kinne weryn't in bestjoersorgaan ofwike wol fan it begjinsel fan twataligens en in stik dubeltalich nei buten bringe wol. Yn alle gefallen moat it gean om bysundere omstannichheden dy't harren net fan te foaren yn in regel fetsje litte en werby't sprake weze sil fan unridlikens wannear't de oardering tapast wurdt. It bestjoersorgaan sil har oardiel hjiroer jaan moatte en sil de ofwiking fan'e oardering motivearje moatte. Artikel 8: Dit artikel is algemien en jout gjin oanlieding ta op- of oanmerkings.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 40