Artikel 4: taalkar De bestjoersorganen kieze foar it begjinsel fan twataligens. Artikel 5: kritearia taalkar By de taalkar wurdt yn alle gefallen rekken halden mei: a. de taalkarkritearia sa't dy dellein binnen yn artikel 2:10 fan de Algemene wet bestuursrecht; b. it belang om deselde taal te bruken as der't it bestjoersorgaan yn oanskreaun is (folgjend taalbelied); c. de kontinu'iteit fan de taalkar; d. de bestimming fan de dokuminten; e. de konsiderans fan ofdieling 2.2 fan de Algemene wet bestuursrecht: "groter gewicht toe te kennen aan de beginselen van gelijke behandeling en gelijkwaardigheid van de Friese taal in de provincie Fryslan." Artikel 6: oersetregeling 1Is in dokumint yn de Fryske taal steld, dan jout it bestjoersorgaan op fersyk in Nederlansktalige oersetting. Der wurdt gjin fergoeding foar frege. 2. By in wiermerke Nederlanske oersetting fan stikken dy't allinnich yn de Fryske taal steld binne, jout de oarspronklike Fryske tekst, yngefal fan ynterpretaasjeferskillen, de trochslach; Artikel 7: ridlikheidsklausule Yn bysundere omstannichheden werby't de tapassing fan dizze oardering nei de miening fan in bestjoersorgaan op unridlikens utdraait kin it bestjoersorgaan motivearre ofwike fan it bepaalde yn 'e oardering. Artikel 8: slotbepalings 1Dizze oardering giet yn nei publikaasje fan it riedsbeslut yn febrewaris 2003; 2. Dizze oardering kin oanhelle wurde as "Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Ljouwerteradiel". Sa besletten troch de ried niisneamd, yn syn iepenbiere gearkomste fan 20 j aline war is 2003, de siktaris, df/fjparsitter, lgma) (n r. W.Chr. Vroegindeweij)

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 45