GEMEENTE 14 L J OU WERTERADIEL Stiens, 29 april 2003 Riedsgearkomste: 15 maaie 2003 Utstelnumer: 2003/28 Behan. amtner: Jannie Tadema E-mail: Tillefoannu.: Underwerp: j annie@leeuwarderadeel.nl 058 - 2576636 it opheffen fan de mienskiplike regeling GAOF (Gemeenschappelijk Afstemmingsorgaan Onderwijsbegeleiding Friesland) Beslut dat nommen wurde moat: it opheffen van de mienskiplike regeling GAOF Koarte ynhald: de regeling opheffe om't it doel der't de regeling foar opsteld is ferfallen Y nlieding/Arguminten Yn de algemiene gearkomste fan de mienskiplike regeling "Gemeenschappelijk Afstemmingsorgaan Onderwijsbegeleiding Friesland", hjirnei GAOF neamd, hat yn har gearkomste fan 28 maart 2002 de winsk utsprutsen om de mienskiplike regeling op te heffen. Reden derfoar is dat it doel der't de regeling yn 1998 foar opsteld is, nammentlik it foar 4 jier feststellen fan in bedrach de learling foar underwiisbegeliedingstsjinsten dy't levere wurde troch GCO Fryslan, yntusken ferfallen is. Boppedat is de algemiene gearkomste fan it GAOF fan betinken dat mei it ferdwinen fan de ferplichting foar de gemeenten om in underwiis- begeliedingstsjint yn stan te halden de ofstimfunksje dy't no noch in direkte relaasje mei de tsjinst hat better op ofstan fan dy tsjinst set wurde kin. It GAOF hat utsprutsen dat sy graach sjocht dat de ofstimming oangeande it ynkeapjen fan skoalbegeliedingstsjinsten binnen de VFG-kommunikaasjestruktuer regele wurdt. Mei it ynstellen yn VFG-ferban fan oerlizzen foar portefiiljehalders en amtlike stipe lit it underwiisnetwurk kin oan dy winsk foldien wurde. De algemiene gearkomste hat fierder frege oft de VFG behelpsum weze kin by it opheffen fan de regeling. Oan dy winsk kin ek temjitte kommen wurde. De regeling is yndertiid ek lit it sekretariaat van de VFG wei opsetten. It opheffen is mei it each op de aard en de ynhald fan de regeling frij ienfaldich te regeljen. It giet om in saneamde lichte regeling op grun fan kest 8, lid 2 fan de Wet Gemeenschappelijke Regelingen. Dy ken gjin rjochtspersoanlikheid. Kest 17 fan de regeling bepaalt, dat ynstimming fan op syn minst twatredde fan de dielnimmers easke is foar it opheffen fan de regeling en dat by it opheffen in likwidaasjeplan opsteld wurde moat. Oan it bestjoer fan de regeling is frege om it goedkarde likwidaasjeplan dat easke wurdt en der't it finale foldwaan oan de ferplichtings fan de dielnimmende gemeenten lit blykt (dat is foar it beskikber stellen fan de feststelde bedraggen de learling). Dy ferklearring en de goedkarringsbrief dy't wy fan Deputearre Steaten krige hawwe treffe jimme bygeand oan. is

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 51