GEMEENTE 14
LJOUWERTERADIEL
Nu. 2003/28
De ried fan de gemeente Ljouwerteradiel;
yn berie nimmend dat it winsklik is om de mienskiplike regeling "Gemeenschappelijk
Afstemmingsorgaan Onderwijsbegeleiding Friesland" op te heffen;
lezen it utstel fan boargemaster en wethalders fan maaie 2003;
omtinken jaande oan kest 17 fan de neamde mienskiplike regeling en de bepalings fan de Wet
Gemeenschappelijke Regelingen;
BESLUT:
De mienskiplike regeling "Gemeenschappelijk Afstemmingsorgaan Onderwijsbegeleiding
Friesland", rekkenjend mei de regeling dy't it finale ofdwaan betsjut, op te heffen en de
yngongsdatum te bepalen op it momint dat twatredde fan it oantal dielnimmende gemeenten ta
it opheffen fan de regeling besletten hat.
Fierder te bepalen dat de argyfstikken lykas bedoeld yn kest 19 fan de regeling oerdroegen
wurde sille oan de gemeente Ljouwert.
Sa besletten troch de ried niisneamd,
yn syn iepenbiere gearkomste fan 15 maaie 2003,
sitter,
(mefr./W. Chr. Vroegindeweij)