De hear Elgersma (GBL): Is it iens mei foarstel. Fernuvert him oer oare halding CD A by eardere behanneling fan de skatebaan, doe't der blykber wol raakflakken mei oare saken wiene. Stienstra (CDA): Seit net dat der gjin raakflakken binne, mar wol it finansjeel suver halde. De hear Dijkstra (FNP): Akkoart mei it foarstel, wol wize op beluken fan BSO (lykas yn Almelo) by dit plan. De hear Roosma (PvdA): Yn de nije begruttingsopset soe earst wolris utsocht wurde kinne wat foar saken no krekt under in bepaald haadstik beflapt wurde moatte: wat byg. under wolwezen en wat under sport? De hear Doting (WD): Konfoarm eardere ofspraken. Wethalder Keizer: Der sil in oersjoch oer de fuortgong fan it projekt komme. Boargemaster Vroegindeweij: Aldus besloten. 8. It fersykjen om fergoeding fan planskea Griene Leane/Perzenstrj. Stiens. De hear Ketellapper (GBL): Hie it yn earste ynstansje net goed begrepen, mar giet akkoart om dat it giet om in taksaasjeundersyk. De hear Doting (WD): Sjocht B W ek wol nei oare buro's as SOAZ? Wethalder Keizer: Komt ynsidinteel foar, mar foar dit soart saken hat de ried besletten foar SOAZ te kiezen. Boargemaster Vroegindeweij: Aldus besloten. 9. Ferfanging traksje. De hear Lageweg (GBL): Een fractielid heeft hierover vraag aan betreffende ambtenaar gesteld en hierop is een bevredigend antwoord gekomen. Boargemaster Vroegindeweij: Aldus besloten. Hammerstikken. 10. Rjochtsposysje griffier Boargemaster Vroegindeweij: Aldus besloten. 11. Oanfoljende subsydzjeregeling rekreatieve foarsjennings yn de gemeente Lj ouwerteradiel. Boargemaster Vroegindeweij: Aldus besloten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 9