De hear Tuininga (FNP): De FNP kin akkoart gean mei beslut, punt 1, as de 50km dyk praktysk ymjochte wurdt as in 30km dyk en der in oerstek by de fersmelling komt. Akkoart mei de punten 2 en 3 fan it beslut. De hear Dijkstra (FNP): As bestek en tekening troch in oar makke wurde moatte, dan leit de oanbesteging en gunning eins ek yn hannen fan in oar. Kiest foar oanbesteging op utnoeging mei in minimum fan 5, der't de utfierder fan de Wylpstrjitte ien fan is. De hear Ketellapper (GBL): As dat leste yndied wat jild opsmite soe, dan soe er derfoar weze. Stimt yn mei it beslut: earst neigean oft in ferbrede middengelieder wurket, sa net dan oanpasse. Hat oer de feroaringen wol kontakt han mei elke partij. Stienstra (CDA): Is tsjin op proefsituaasjes. Besjoch it mei it mei DHV en fier de beste oplossing ut. Akkoart fierder mei it beslut. Ek 5 partij en by oanbesteging op utnoeging. De hear Doting (WD): Kin ynstimme mei it foarstel, mar harkje goed nei DHV. De foarsitter: Het besluit is als zodanig aangenomen, waarbij de PvdA op punt 1 van het besluit heeft tegengestemd. Er zal aanbesteding op uitnodiging met 5 partij en plaatsvinden. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Freget oft de utfiering yn dielen no ferfallen is. De foarsitter: Nee. Het besluit verwijst naar het rapport "Uitwerking maatregelen Griene Leane e.o." en heeft aangenomen, mede op grond van de commissievergadering, dat die discussie niet meer gevoerd hoeft te worden. 8. Miljeubeliedsplan Wethalder Admiraal: De essinsje fan it oanpaste miljeubeliedsplan is oft de ried fynt oft it ynspraakryp is. De ynspeksje hie wat noed oer de kwaliteit fan it miljeubelied. De ynspeksje hat ynformele opmerkingen makke oer it tastjoerde miljeubeliedsplan. It plan is yn oarder, mar it moat ek utfierd wurde kinne. Der soe derfoar ien fte by moatte. De ynspeksje soe op in riedskommisjegearkomste wol taljochting jaan wolle. It kolleezje hat fan de WD in tal fragen krige. Stelt foar dat dy fragen en ek fragen fan oare ffaksjes by de stikken dellein wurde en dy letter yn de diskusje te beluken. De foarsitter: Legt de raad voor zich uit te spreken over de inspraakrijpheid van het milieubeleidsplan en de reactienota. De hear Doting (WD): Kin him deryn fine dat de fragen der op besjen by lizze. De hear Dijkstra (FNP): Jout it frij foar ynspraak en de fragen fan de WD yn it dossier. De hear Busser (GBL): Stimt my ynspraak yn. Der sitte wat fage omskriuwingen yn it stik. Fersterking fan de hanthaving is nedich. Femuvert him deroer dat it wurd 'gedoogsituaties' sa faak foarkomt. Dat soe net moatte. Goede foarljochting, foaral ek oan jeugd, is wichtich. Stienstra (CDA): Hie in tal punten op papier en wol dy deroan taheakje en dan komt dat by de ynspraak wol werom. It ambysjenivo is heech. 7

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 11