GEMEENTE 11 LJOUWERTERADIEL Stiens, 13 oktober2003 Riedsgearkomste: Utstelnumer: Behan. amtner: E-mail: Tillefoannu.: 30 oktober/6 novimber 2003 2003/57 Jannie Tadema j annie@leeuwarderadeel.nl 058 - 2576646 Onderwerp: ferlingen stjoertiidtawizing Stichting Radio Middelse Beslut dat nommen wurde moat: beslute ta it ferlingen fan 'e stjoertiid fan Stichting Radio Middelse yn us gemeente (earstkommende fiif jier). Koarte ynhald: It kommissariaat foar de media hat us ried fersocht him lit te sprekken oer it wol of net ferlingen fan de stjoertiid fan Stichting Radio Middelse yn us gemeente foar de kommende fiif jier. Ynlieding: Stichting Radio Middelse is yn us gemeente en yn Ferwerderadiel de lokale omrop. Fiif jier lyn, om krekt te wezen by beslut fan 29 oktober 1998, hat jimme ried in posityf advys utbrocht oan it kommissariaat foar de media om foar fiif jier de stjoertiid ta te wizen oan Stichting Radio Middelse. Dit wie al in ferlingen fan in eardere tawizing. No binne op 'e nij de fiif jier om en freget it kommissariaat jimme ried wer om advys. It giet dus eins om in kwestie fan it ferlingen fan wat we no ha. Arguminten: Wy hawwe it fersyk fan it kommissariaat hifte oan 'e easken, du't hja deroan stelle. Wy binne fan miening dat Stichting radio Middelse foldocht oan de easken dy't it kommissariaat stelt om yn oanmerking komme te kinnen foar it ferlingen fan 'e stjoertiid. Wy stelle jimme ried dan ek ut om posityf advys lit te bringen oer de oanfraach dy't Stichting Radio Middelse dien hat oan it kommissariaat foar de media en lestneamd kommissariaat sa te beijochtsjen. Kanttekenings: Finansjele taljochting: Utfieren/ofh annelj en Evaluaasje:

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 88