krijgt. De gemeente zou haar blik moeten verruimen en ook in een groter samenwerkingsverband kunnen opgaan. Wethalder Admiraal: It is in punt oandacht. Der binne al wat petearen en ynkoarten komt deroer mear ynformaasje. De betingsten moatte goed yn byld komme. Mefrou Haites-Miedema (CDA): De brief fan de 'Volkstuinvereniging' is rjochte oan de ried en yn ofskrift oan it kolleezje. Femuvert har oer it antwurd fan it kolleezje, dat boppedat faach is. Yn de beslutfoarming moat de ried de argumintaasje fan de briefskriuwers meinimme. De foarsitter: In de commissievergadering zal op deze zaak teruggekomen worden. Het CDA heeft een motie aan de raad voorgelegd Deze komt na de behandeling van de agendastukken aan de orde. Besprekpunten. 6. Beliedskader It Gryn De hear Doting (WD): It is in goed ferhaal. Wol graach witte hoe't it beliedskader him ferhaldt ta it stik fan conVisie, dat wat mear helderheid joech. Stienstra (CDA): Slut him derby oan. Hat fraach oer side 3, der't steld wurdt dat de ried it fmansjele belied sichtber makket. Dat soe dochs it kolleezje weze moatte. En wannear komt it earste ferslach fan it bedriuwsplan? Soe it in goede saak fine dat de kostpriis op it kaartsje komt. De hear Roosma (PvdA): It stik is te faach en frijbliuwend. De mjitbere doelen untbrekke. Hoe wurdt der byg. mei besunigingen en taryfferhegings omgien? Der moat dudlikheid weze oer yn hoefier tekoarten oprinne meie. De hear Tuininga (FNP): Is tefreden oer oare omskriuwing fan de 'gemiddelde burger'. Wol witte oft nei in jier in bedriuwsplan presinteard wurdt. De hear Elgersma (GBL): Der soe in regelmjittige rapportaazje komme. Wol de jierrekken op tiid hawwe en eventueel tuskentiidske ynformaasje Ien kear yn it jier in evaluaasje. Wethalder Keizer: It stik jout it kolleezje romte. It stik fan conVisie leit derunder. De ried moat by de begrutting middels beskikber stelle. De earste folsleine jierrapportaazje (SIAN- systeem) sil yn de maaitiid fan 2005 plakfme. Wol besykje mei tuskenrapportaazje te kommen. Sil de suggestje fan de kostpriis op it kaartsje by de bedriuwslieder yn omtinken bringe. It kolleezje wol net frijbliuwend te wurk gean. No wurde de piketten slein en dan kin men deroan letter de stelde doelen ofinjitte. Oer oprinnende tekoarten kin no noch tefolle feststeld wurde. Twadde termyn De hear Doting (WD): Bliid dat it stik fan conVisie derunder leit. Kin de wethalder kostenbehearsking garandeare?

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 8