Stienstra (CDA): Is fan betinken dat de formulearing oer ferhalding ried ta finansjes wat undudlik is. De hear Roosma (PvdA): Hat de frijbliuwendheid mear bedoeld as frijbrief foar it kolleezje. Wol tasizzing fan de wethalder dat it stik fan conVisie diel is fan de beslutfoarming. De taryfstelling foar de kommende winter en simmer besjen en net dermei wachtsje oant it foarjier fan 2005. Der moat ek op in strukturele wize nei de tariven sjoen wurde. De hear Elgersma (GBL): Hat betrouwen yn tidige rapportaazjes, mar hat noch gjin tasizzing oer jierrekken. Wethalder Keizer: Sjocht de frijbliuwendheid sels ek net as in frijbrief foar it kolleezje. De agindakommisje woe mei dit stik komme. It kolleezje wol hannelje neffens de opmerkingen dy't makke binne en neffens it rapport fan conVisie. Oan de tariven foar dizze winter kin neat mear dien wurde: foar de simmerfakansje binne dy al mei de ferienings feststeld. De jierrekken sil foar de simmerfakansje ferskine. Kin gjin tasizzing oer hichte fan kostenstigingen jaan. Tefolle faktoaren binne der fan ynfloed op. De foarsitter: Het rapport van conVisie wordt nu niet ter besluitvorming voorgelegd, maar dient wel als basis voor het voorstel. De hear Roosma (PvdA): Als deze woorden onderdeel uitmaken van het besluit, dan kan de PvdA instemmen met het geheel. De foarsitter: De toelichting op de regel is onderdeel van het totaal. Aldus besloten. 7. Ferkearssituaasje Maartenswouden e.o. De hear Roosma (PvdA): It plan komt lit in riedsbeslut fan in pear jier werom. Mei in tal oanpassingen is neat mis. Hat it kategoarisearingsplan ynsjoen. Der wie nochal wat diskusje oft it oanbelangjende stikje dyk under 30 of 50km kategoarisearring foel. Op de kaart is it 'Niemandsland'. De PvdA giet derfan lit, dat as der net eksplisyt 50km oanjun is, dat dan de 30km jildt. De 30km wurdt no yn it foarstel 50km en der wurde maatregelen nommen om it ferkear net te hurd ride te litten. Der wurdt u.m. in plato oanlein. Der wie ek de mooglikheid foar in foarrangsdyk west. Der wolle tefolle beheiningen oanbrocht om de snelheid te ferleegjen en dy kosten hoege net makke te wurden neffens de PvdA. De hear Tuininga (FNP): Feiligens stiet foarop. Yn oerlis mei bewenners it Skutsje in ferkearsremmer oanlizze. In goedkeapere oerstek kin realiseard wurde. De ferkearssituaasje wurdt der feroare. Pleitet foar dubele oerstek. Stelt mei de hear Roosma fest, dat der sprake is fan in 'Niemandsland' op dat plak. Is foar 30km en in dubele oerstek, want it ferkear sil der sterk tanimme. De hear Ketellapper (GBL): Hat petear mei bewenners en oplossingen mei wethalder bepraat. Der is no in sadanige fersmelling dat der mar ien auto tagelyk troch kin. As it net djoer hoecht, dan moat it net djoer makke wurde.Nim de suggestjes mei. In buordsje 30km is op himsels net effisjint.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 9