Ferslach fan de riedsgearkomsten fan de gemeente Liouwerteradiel op tongersdei 30 oktober en 6 novimher 2003 om 19.30 oere vn it gemeentehus fan Stiens. Oanwezich: de froulju F. Haites-Miedema (CDA), G. Visser (PvdA), J.M. Oppenoorth (PvdA), M. Hottinga-Mulder (GBL), en de hearen J. IJkema (CDA), J. Stienstra (CDA), F. Doting (WD), S.R. Roosma (PvdA), J.W. Tuininga (FNP), F. Dijkstra (FNP), B. Lageweg (GBL), W.F. Ekas (GBL) F. Busser (GBL), A. Elgersma (GBL), en R.A. Ketellapper (GBL). Wethalders: De hearen J.S. Keizer en J.W. Admiraal. Foarsitter: Boargemaster J. Bosnia. Griffier: De hear J. Wever. 0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0-0 1. Iepening. De foarsitter hjit elkenien wolkom en yn it bysunder de harkers fan radio Middelsee. Griffier: Wenst namens de raad de heer Ykema geluk met de geboorte van een zoon en vergezelt dat van een aantal wijze woorden van de schrijver Khalil Gibran en een presentje voor de boreling. 2. Fragehealoere boargers. De hear Blaauw (foarsitter Fryske Kultuerried Ljouwerteradiel): Wol dizze jun graach it earste eksimplaar fan it strjitnammeboek 'Stijitten yn Ljouwerteradiel -yn wurd en byld' oan de boargemaster oanbiede. It is ta stan kommen troch it dokumintaasjesintrum Ljouwerteradiel finder lieding fan de hear De Jong. It earste eksimplaar is yn septimber 2002 oan wethalder Admiraal oanbean, mar it foel al gau utinoar. De ynwenners kinne sa u.m. te witten komme dat N.B Hoogeveen fan it aap-noot-mies-lesplankje haad fan de skoalle yn Stiens west hat. Biedt it earste ferbettere boekwurkje oan boargemaster Bosma oan en it twadde oan de hear De Jong. De foarsitter: Sil it foarstel te dwaan dat de gemeente in tal eksimplaren oanskaft om as relaasjegeskink yn 'e hus te hawwen. 3. Fragehealoere riedsleden. De hear Ketellapper (GBL): Wol graach punt 8 as besprekstik. Hat dat mei de griffier oerlein. De foarsitter: Derta wurdt besletten. 4. Feststelling fan de beslutelist fan de gearkomste fan 18 septimber 2003. Mefrou Oppenoorth (PvdA): Heeff n.a.v. van het verslag een vraag. De antwoorden van het college op de vragen die door de PvdA op 26 juni zijn voorgelegd (Noorderbreedte/Palet), zijn nog niet gegeven. Hoever is het daarmee? De foarsitter: It ferslach wurdt sunder wizigingen goedkard en feststeld. 5. Ynkommen stikken en meidielings. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Hat ffaach oer brief 'Anker Rechtsbijstand' oer driging mei in claim. It is te koart troch de bocht om it sa foar kundskip oan te nimmen. Wat dogge de 4 gemeenten dertsjin? De foarsitter: Der is noch gjin claim yntsjinne en derom hoecht der noch gjin aksje undemommen te wurden. 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 10