De hear Roosma (PvdA): Wol witte hoe't fierder omgien wurdt mei brief oer Revolving Fund'. Sawol fan it kolleezje as fan de ried wurdt yn de brief in reaksje ferwachte. De foarsitter: It wurdt yn it kolleezje bepraat. As de ried neat deroer femimt dan de griffier derby ynskeakelje. 6. Begrutting 2004 en mearjierreruzings 2005-2007 Algemiene skogings - le termyn Ried De foarsitter: Wiist derop dat elke fraksje 10 minuten sprektyd krijt en dat de moasjes en amendeminten yn de le termyn yntsjinne wurde moatte. Ta 15 minuten sprektiid wurdt besletten. Achterinoar presinteare mefrou Hottinga-Mulder (GBL), mefrou Haites-Miedema (CDA), de hear Roosma (PvdA), de hear Dijkstra (FNP) en de hear Doting (VVD) de skogings fan de partijen. GBL tsjinnet trije amendeminten yn (a,b, c). It CDA tsjinnet twa moasjes yn (1 en 2). De FNP tsjinnet trije moasjes yn (3, 4 en 5). De VVD tsjinnet twa amendeminten yn (4 en 5) en twa moasjes (6 en 7). Sjoch Bylagen. De foarsitter: Yn de twadde termyn sille earst de moasjes yn stimming brocht wurde en demei de amendeminten en dan it gehiel. Underbrekt de gearkomste foar 5 minuten. De foarsitter: Iepent de gearkomste wer. Besprekpunten 7. Oardering foarsjennings foar de handikapten De hear Dijkstra (FNP): Hat by amtner om ynformaasje ffege. It protokol funksjoneart as hantlieding. Kin him wol fine yn de feroardering. Mefrou Oppenoorth (PvdA): Kan ook met de verordening uit de voeten. Het protocol is voorlopig ter zijde gelegd ook mede in afwachting van nieuwe wet. Daarom niet raadzaam om het in de verordening op nemen. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Hat by de foarige kommisjegearkomste wat te strikt ferkundige dat hast alle gemeentes it protokol undertekene hawwe. Dat is net sa. It wurdt wol yn oerdrachtlike sin neilibbe. It is net goed en nedich om it protokol no oer te nimmen. It protokol is utgongspunt. Is benijd nei it antwurd op de troch it CDA nei foaren brochte winsk om de eigen bydrage of te skaffen. De hear Elgersma (GBL): Is it iens mei de foarige sprekkers. GBL wol gjin eigen bydrage, sa't PvdA en CDA ek al foarsteld hawwe. It docht bliken ut it heldere stik fan de amtner dat de lak yndied djoerder is as de brief. De oardering wurdt mei algemiene stimmen sunder wizigings feststeld. De hear Doting (VVD): Wiist derop dat de CRvB noch gjin utspraak dien hat en dy kin soms in hiel oare kant utgean.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 11