GEMEENTE 11 LJOUWERTERADIEL Stiens, oktober 2003 Riedsgearkomste: Utstelnumer: Behan. amtner: E-mail: Tillefoannu.: Underwerp: 11 desimber 2003 2003/67 J.S. Bos j.bos@leeuwarderadeel.nl 058 - 2576670 Tariedingsbeslut Stiens Noard Beslut dat naam wurde moat: Nim in tariedingsbeslut op grun fan kest 21 WRO foar it plangebiet Stiens Noard, neffens de tekening dy't oan de riedsstikken taheakke is. Koarte ynhald: Foar it plangebiet Stiens Noard wurdt neffens de plenning foar it aktualisearjen fan bestimmingsplannen in bestimmingsplan taret. Mei in tariedingsbeslut ferklearret de gemeenterie dat in nij bestimmingsplan taret wurdt en kinne mooglike untwikkelingen oanholden wurde dy't net winsklik binne. Ynlieding: Okkerdeis binne wy utein set mei de tariedings foar it meitsjen fan in nij bestimmingsplan "Stiens Noord". Yn dat bestimmingsplan wurde de besteande bestimmingsplannen "Stiens It Heechhof' en "Stiens Industrieterrein" aktualisearre. Oan stedeboukundich buro Biigel Hajema ut Ljouwert is opdracht jun om dat bestimmings-plan te untwikkeljen. Kest 21 fan de "Wet op de Ruimtelijke Ordening" jout oan dat de gemeenterie ferklearje kin dat foar in beskaat gebiet in bestimmingsplan taret wurdt. Arguminten: Troch in tariedingsbeslut kinne bouplannen, dy't wol mooglik binne yn it jildende bestimmingsplan, mar net winsklik binne yn it nije bestimmingsplan, oanholden wurde. In tariedingsbeslut hat dan ek in beskermjende wurking. It is net untinkber dat untwikkelingen plak fine kinne der't fan fun wurdt dat sy net winsklik binne. Kanttekenings: net fan tapassing Finansjele taljochting: net fan tapassing

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 121