CD A yn moasje 1 freget foar de riolearing yn it butengebiet hat ek prioriteit fan it kolleezje. It nei in eksteme fuortset en meikoarten komt der beijocht fan en krije de oanbelangjende bewenners ynformaasje. Wethalder Admiraal: De sifers fan 2004 foar de post asylsikers (Jfaach VVD) binne oanpast oan de werklike kosten 2002. It binne de husfestingskosten fan hjir ferbliuwende asylsikers. De lieningen oan it personeel (fraach FNP) binne stopt. Dizze foarm is no ut de tiid en de besteande regelingen wurde ofboud. Oer de besteging fan de oerwearde fan hierwenten (fraach GBL) binne gjin ofspraken mei de wenningboukorporaasje, mar dat is lanlik regele. Dy wurdt wer brukt foar in bydrage oan nije wenten yn de goedkeape hiersektor. Dat sil de gemeente ek goed yn de gaten halde by de priisstelling fan de 112 kontinginten. Senioarewenten (fraach GBL) soene underdid weze kinne fan dy 112. Der sil undersyk nei de behoefte dien wurde. De wenningboukorporaasje wol nei in nij behearssysteem en derby wurde wenten minder labele. De gemeente moat deroer hurdere ofspraken meitsje. De knelpunten oer de husfesting fan De Skalm (fraach GBL) binne bekend. It leste punt deroer is de beme-opfang. In ekstem adviseur ynskeakele om der gong achter te setten. Der is oerlis mei Talant oer de BSO (fraach FNP). Ynkoarten komt deroer nijs. De WIW/ID-banen ferfalle sa it no liket yn de rin fan 2004 en dan falle de minsken under it CWL. De gedachte fan it CDA fan in kollektive syktekostefersekering is sympatyk. It is in suggestje oan de ried. Binnen de nije wet binne in tal altemativen. De foarsitter: Yn january komt it kolleezje mei in dekkingsplan foar de meaqierreruzing.De foarsjenning personeel is derby utwurke. Tinkt dat der romte yn sit. It kolleezje nimt de suggestje fan de moasje oer. It is lestich om oer de mooglike ofskaffmg fan it brukersdiel fan de WZO wat te sizzen. It VNG ferset him dertsjin. It is net dudlik hoe't it utpakt. Gemeenten mei de grutste problemen kinne der nei tagroeie. Foarlopich stipe foar VNG foar goede kompensaasje. Foar de post 'Beleid en advies sport' (fraach VVD) is ynsidinteel 113.400 ut de algemiene reserve brukt. De kosten It Gryn sitte yn de kommende jierren struktureel yn de mearjierreruzing. De ynset fan de plysje is foar 95% projektmjittich en 5% isnet alle blau op strjitte (fraach GBL). Der is 7 x 24 oeren patrouille en de plysje kin net sunder auto. Ferskowing soe de eask om yn 15 minuten te plak te wezen skea dwaan. Foar de doarpswachten soene miskien yn de takomst mooglikheden untstean kinne as bestjoerlike boetes (APV) yn de gemeentekas bedaije. Kontrole op 30km is net mooglik. Yn wengebieten soe de sosjale kontrole wat opsmite kinne. Mei de gebrukersfergunningen (fraach GBL) is de gemeente aardich op gleed. Binnen trije jier is men in hiel ein dermei. De meast risikofolle panen komme it earst oan bar. It kolleezje fielt neat foar de utsundering om de ynflaasjekorreksje foar it swimbad te skrassen (amendemint VVD). It rekkenoerskot 2002 kin net brukt wurde foar de dekking fan de amendeminten fan GBL. Dat moat dan ut de reserve komme. Underbrekt de gearkomste foar in koart skoft. De foarsitter: Iepent de gearkomste wer. 6b Reaksje Ried 2 e termyn De foarsitter: Iepent de gearkomste wer. De hear Ketellapper (GBL): Oer de Skredyk wurdt mei grutte sifers guchele. Fielt neat foar wat lytse oanpassings. De dyk kin netsjes ofsnijd wurde en mei gerstegels oan beide kanten

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 15