Mefrou Haites-Miedema (CD A): It CD A wol dat yn stappen. De hear Doting (WD): De VVD wol yndied gjin hegere belestingen. Mar wol ek net dat de boarger straks dubeld werombetelje moat. De WD hie krityk op de FNP net om it 'sosjaal' wurden fan de FNP, mar omdat de partij yn ien kear de oare kant utdraaide. De hear Dijkstra (FNP): By de jierrekken hie de FNP dy ijochting al oanjun. De foarsitter: Underbrekt de gearkomste foar 5 minuten. 6c It andert fan it Kolleezje yn 2e termyn De foarsitter: Iepent de gearkomste wer. Wethalder Keizer: As it bedriuwslibben net bydraacht oan it sintramplan dan wurdt it plan utklaaid. Der is wol jildfoar underhald fan trotwaars en stijitten, mar der is gjin budzjet foar yngripende oanpak. Der wurdt 2 kear wyks meand en hat ljochtstreeks neat femommen fan klachten. Der wurdt oerlein mei Doniastate, mar der is noch gjin oerienstimming oer in oplossing. Meikoarten komt der ynformaasje oer. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Komt der foar it nije seizoen in oplossing? Wethalder Keizer: Dat is it stribjen wol, mar Doniastate wachtet lang mei antwurd. It kolleezje is ferantwurdlik, mar der kin ferskil fan ynsjoch tusken wethalder en amtner. De hear Roosma (PvdA): Dat ferskil fan ynsjoch is wat oars. De wethalder moat syn folsleine ferantwurdlikheid nimme en him net ferskulje achter dat ferskil fan ynsjoch. De hear Ekas (GBL): Wie is 'fuhrend'? Het college of de ambtenaar? De foarsitter: It kolleezje. Wethalder Keizer: De ried docht wat soer by har opmerkingen oer gearwurking mei oare gemeenten. Der bart op dat med in hiel protte. Ien ferslach fan in kolleezje is net represintatyf. Hat de hope dat it de goede kant ut giet. De hear Roosma (PvdA): Moat it mei it ferslach fan juny dwaan. Der sprekt net folle fisy ut en men heart der te min fan. Wethalder Keizer: Dat hie fragenderwize wol mear nei buten komme kinnen. De hear Roosma (PvdA): Dat heart ta de aktive ynformaasjeplicht fan it kolleezje. De foarsitter: It underlinge kontakt fan fraksjes fan de belutsen gemeentes is tige nuttich. Wethalder Keizer: De ried moat him utsprekke oer it amendemint oangeande de Skredyk. Kin gjin priisyndikaasje jaan fan in fytsfeilige rate Britsum-Koamjum. De ferkearsdeskundige wie doedestiids net foar sa'n oplossing.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 18