Wethalder Admiraal: Hat soms it nijs oer wenningbou ek earst ut de krante. Fynt de suggestje fan it CD A om yn january yn de kommisje spesjaal omtinken te jaan oan de wenningkontinginten in goed idee. Hopet dat der binnen 14 dagen saken lit it oerlis mei Talant (BSO) bekend binne. Der steane gjin sanksjes op lieningen. It is in litstjerkonstruksje. De hear Elgersma (GBL): Hopet op in positive litkomst (BSO). It is sa stadichoan 'grut leed'. De foarsitter: Yn de meaijierrebegrutting is neat feroare. De stelpost formaasje moat noch ynfolle wurde. It kolleezje kin mei konkrete ynformaasje komme as dat run is. Der liket romte te wezen, allinne foar 2005 is der in hobbel. Foar in begruttingskrante is in eksteme nedich. It gie om in konseptbegrutting foar de boargers. Foar de begrutting 2005 besykje dat konkreet te meitsjen. In ienmalige litjefte kin om in begrutting slutend te meitsjen. Der meie gjin strukturele middelen lit de reserve komme. 6d Feststellen begrutting en meaijierreruzings De hear Lageweg (GBL): Yn de amendeminten fan de GBL wurdt 'te betalen van het rekenoverschot' ferfongen troch 'ten laste van de reserve'. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Oan de moasje oer de kollektive syktekostefersekering tafoegje (leste punt): 'en derta sa gau as mooglik mei in foarstel te kommen en de fmansjele dekking oan te jaan.' En foar 'kollektive syktekostefersekering' hyltyd 'oanfoljende' tafoegje. De hear Dijkstra (FNP): Moasje 4 wurdt oanhalden. De foarsitter: 'Oanhalden'betsjut 'weromlutsen'. De hear Doting (WD): It amendemint 1 fan GBL litfiere as Haltprojekt. It soe lit de reguliere begrutting komme moatte. De hear Lageweg (GBL): It reparearen fan de brege is net sa geskikt as Haltprojekt. It fierdere underhald fan it park wol. De hear Doting (WD): De kollektive syktekostefersekering allinne by lanlik belied. By moasje 3 fan de FNP ek de fiije sektor beluke. Fynt moasje 5 fan de FNP oer BSO wol sympatyk, mar stelt fragen by de realisearring. De hear Dijkstra (FNP): Oer amendemint 1 fan it GBL: it moat lit it reguliere underhald. Dat jildt ek foar amendemint 2. De wethalder moat mar mei in begruttingswiziging komme. Der is no dochs al in fytssuggestjestrook mei blokjes (amendemint 3 GBL)? Wethalder Keizer: Dat is in optyske fersmelling. De hear Dijkstra (FNP): Wat binne de kosten? Sykje der in oare pot foar. Gjin stipe foar amendemint WD oer swimbad. Men kin soks net by de iene en wol by de oare dwaan. Klin 10

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 19