CD A Ljouwerferadiel Fraksje gemeenterie Foarsitter,leden fan it kolleezje,leden fan de rie,oanwezigen en harkers nei radio Middelse Underweis yn Ljouwerteradiel Fan de CDA-fraksje binne jimme de leste jierren wend, dat wy us skogings in soartemint fan opskrift mei-jouwe. Sadwaande underweis yn Ljouwerteradiel. It CD A wol yn oanrin nei 2004 en yn 2004 wurkje oan en utstellen dwaan foar: Mear gearwurking mei oare gemeenten. Foarljochting oer riolearring yn it butengebied. 4 De ferkearsfeiligens yn us gemeente It minimabelied. (kollektive syktekostenfersekering) De takomst fan de gemeente: Wy binne as gemeente de ofrune tiid in soad mei ussels dwaande west. "Selsevaluaasje"neamt men dat. We ha ferskate sesjes hawn mei it bureau K en V oer de takediskusje en de bestjoerskreft fan us gemeente. As rie ha wy de latte fan de ambysjes nochal heech lein. Mar wy ha ek meielkoar konstateaije kinnen, dat wy der yn lang net alle opsichten oan foldogge en oan foldwaan kinne. Wolle wy as gemeente Ljouwerteradiel de takomst mei betrouwen temjitte sjen kinne en noch lang in selsstanniche gemeente bliuwe dan sil der it nedige barre moatte. Ynfesteaije yn de kwaliteit en de kwantiteit fan it amtenarenapparaat is neffens de CDA- fraksje net oan te untkommen en in absolute "musf'.Mar hoe en tsjin welke priis? Tige wichtich is foar us fraksje gearwurking mei boargemeenten. Wy tinke dan bygelyks oan miljeu ,automatisearring.Wy hawwe nochal wat kwetsbere ienpersoans-funksjes.As lytse gemeenten kinne wy elkoar fersterkje u.o. troch saken meiinoar te dwaan It wol der by us fraksje net yn, dat oare lytse gemeenten net deselde swierrichheden hawwe Meiinoar binne we sterk. En is it ferstandich om kundichheit yn te hieren en dit net mear sels of mei oaren yn hus te hawwen?. It liket us better om yn'e mande mei oare gemeenten heech kwalifisearre personiel yn tsjinst te hawwen en te halden. Sa bliuwt der in stik kundigheid op de gemeentehuzen foarhannen. In goed foarbield fan gearwurking is it iepenbier underwiis. Bestjoerlik hawwe de G4 gemeenten dat goed oppakt. Sosjale Saken dat wy tegearre mei Ferwerderadiel dogge liket yn dit ferban al wer te lyts en men tinkt oan utwreiding. Mar as wy it ferslach leze fan de gearkomste fan de kolleezjes fan de G4 gemeenten ofrune simmerdan j out us dat net folle moed op in kreftiger gearwurking yn de neiste takomst. En dochs moat it dizze kant op.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 23