As wy no ek ris fan underen of as fraksjes begjinne dizze saken te stimuleaijen. De oare riedsfraksjes geane yn petear mei har kollega fraksjes fan de G4 gemeenten oer mear gearwurking.Wa wit wat der foar moais groeie kin. De CDA-fraksje ropt derom de oare fraksjes hjirta op. Us waarninunend boargemaster,de hear Bosma hat sein dat er neist de rinnende saken ek noch wolris in klus foar us gemeente dwaan wol. Wat it CDA oangiet leit hjir in prioriteit. Riolearring vn it butengebied. Foar 2005 moat bekend weze hoe't it komt mei de riolearring yn it butengedied.en moatte de plannen klear weze. De CDA-fraksje hat hjiroer al ferskate fragen krigen fan minsken dy't dit oangiet en yn de fierste fierte net witte wer't se oan ta binne. Wa wurdt wol oansluten en wa netwat is needsaaklik en wat kostet it. Yn de begrutting stiet as beliedsfoamimmen dat wat de riolearring yn it butengebied oangiet yn 2004 de nedige besluten naam wurde moatte. Wat foar besluten. It is foar de boarger net dudlik en dy wurdt unrestich en sit mei fragen. De CDA-fraksje freget it kolleezje derom mei klam om hjiroer, sa gau as mooglik, goeie foarljochting te jaan oan de butengebieders Wy tsjinje derta in moasje yn. F erkearsfeiligens De ferkearsfeiligens yn us gemeente bliuwt foar de CDA .-fraksje in saak fan soarch en oandacht. As we de balans opmeitsje fan it ofrune jier dan moatte we feststelle dat der wer de nedige swiere ferkearsungelokken pleats fun ha. We hawwe as rie koartlyn ynstimd mei it projekt 25% minder ferkearsslachtoffers. In goeie saak, mar ticht by hus kinne wy daliks wol begjinne. Bygelyks de sitewaasje by Doniastate. It is benei oardiel jier lyn dat us fraksje hjir oandacht foar frege hat. De wethalder hat doe tasein om mei Doniastate te oerlizzen oer mear parkearromte. Mar yn dy oardiel is der neat feroare. It is noch altyd like gefaarlik en drok op'e Truerderdyk op dagen dat der in soad besikers op de bemebuorkerij binne. It troch de gemeente ynstelde parkearferbod oan ien kant fan de dyk is lang net genoch. Wy freegje it kolleezje nochris mei klam om no ynkoarten mei Doniastate te oerlizzen oer parkearromte, sadat de kommende maitiid de sitewaasje better en feiliger is. It soe trouwens ek in goeie saak weze wannear't der better hanthavene waard op dit stik fan de Truerderdyk. Sa ek yn de 30 km gebieten yn us gemeente. Sunder te hanthavenjen komt fan it 30 km belied net it measte telane. Dan bliuwt it in papieren tiger. Itselde jildt ek foar de trochgeande wegen yn'e doarpen wer't 50 km riden wurde mei. It lykje bytiden wol racebanen. Oandachtspunt is ek de feiligens op de parallellwei Stiens-Ljouwert der't in soad skoalbem gebruk fan meitsje. Wy rekkenje derop dat dizze wei, ek al is dy fan de provinsje, wat de feiligens oangietde bliuwende oandacht haldt fan it kolleezje. Minimabelied. (kollektive syktekostenfersekeringl It mei bekend weze dat mei yngong fan 1 jannewaris 2004 der troch it ryk in ein makke wurdt oan it minimabeliet, utsein de fergoedingen foar in kollektive syktekostenfersekering. Ut undersyk docht bliken dat fan alle sikefunsfersekerden 95% in oanfullende fersekering hat, en under de minima mar 75%. (bron is: Bestuur, Strategic en Financieel ut Beilen). Minima binne dus minder fersekere as oare Nederlanders.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 24