Op 1 jan. ferfalle de fergoedingen foar de toskedokter, de fysioterapeut ens.f.h. It eigen risico is ek in fiks bedrach.Koartom in soad ekstra kosten foar in groep dy't dit finansjeel min drage kin, as sunens de slutpost fan de begrutting is De CDA-fraksje stelt derom ut dat de gemeente foar de minima in kollektive syktekostenfersekering ofslut. De wet jout us dudlik dy mooglikheit.En it past ek, ja it heart thus yn it gemeentelike sunensbelied Ek binne der binnen dizze fersekering in tal wichtige fergoedingen opnaam werfoar't eartiids in oanfraach foar bysundere bystan ynstjinne wurde moast. In drompel om gebruk te meitsjen fan it ijocht op sa'n fergoeding wurdt hjirmei ek oprume. Wy roppe de oare fraksjes op yn te stimmen mei it utstel ta in kollektive syktekostenfersekering foar de minima en tsjinje derta in moasje yn. Begrutting Allerearst oer de begruttingskrante dy't us ferline jier tasein is. As it skiterige stikje foarop de St.Omr. fan 20 oktober alles is dan binne wy tige teloarsteld. 4 De CDA-fraksje wol dat de boargers fan us gemeente mear en better ynformearre wurde oer it belied fan'e gemeente en oer wat der mei, ek foar in part harbelestingsinten bart. Der wie us foarich jier in koarte gearfetting fan de oanbiedingsbrief ,as bijlage by de St.Omr. tasein.. Dy is der dus net kaam en derom leit us fersyk fan ferline jier der wer. De CDA-fraksje rekkent der op dat de begruttingskrante der takommend jier komt. En dan no de begrutting sels. Folle wol ik der net oer sizze. De presentearre sifers, foaral foar de kommende jierren meitsje us net echt fleurich.. De begrutting fan dit jier slut mei 338 posityf. Slutend mar mear ek net. Ferlyne jier waard der foar 2004 noch in oerskot fan€ 16.800,-- ferwachte.Dat fait no dus danich of. De programbegrutting dy't us foarich jier tasein wie, koe no troch ferskate omstannichheden net realisearre wurde. Spitich, yn it kader fan it dualisme hat de rie ferlet fan in goed stjoeringsmiddel. Foaral no't de finansjele sitewaasje foar de kommende jierren min is. En op it med fan de mearjierrenruzingen kinne de rie noch bystjoere. De CDA-fraksje wol derom graach kommend foaijier in diskusje halde oer de mearj ierrenruzing. Hoe tinke de oare fraksjes hjiroer? Gelokkichkin it belied dat foar dit jier op priemmen stiet utfierd wurde.. Foaral de utfiering fan it K en V rapport. Wy binne bliid dat der in begjin mei makke is en dat dat takommend jier ek trochgean kin. Mar it wurde finansjeel sjoen foarearst gjin fette jierren. Dochs bliuwe wy mei moed underweis yn Ljouwerteradiel. Ut namme fan de CDA-fraksje, Froukje Haites-Miedema

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 25