Skogings 2003 Achte kolleezje, leden fan de ried, oanwezigen en harkers nei Radio Middelsee. Ynlieding. Foarsitter, it politike jier 2003 wie foar Ljouwerteradiel in jier mei in protte muzyk troch de buorren. Op himsels is der neat mis mei, as de muzikanten mar noed steane foar de kwaliteit fan de muzyk. Somtiden tinke je wolris, giet it no om it lawaai of giet it om de toan. In fraaeh dy't wol net gau beandere wurde sil of kin, want elk hat in eigen ynfolling en belibbing fan kultuer, is't net sa. Sjoch mar nei de femijde bibleteek, jo geane der no wer mei in protte nocht nei ta. Dochs moest der ferline jier oegryslik oer hottefile wurde om it safier te krijen sa't it no is. Oer ferline jier sprutsen, doe hawwe wy wolris spytgnyske oer de kluchten fan, wat achterof bliken die, it earste regear fan Balkenende. No't it twadde ek utein setten is, docht bliken dat it spytgnyskjen ynromme is foar ja, je kinne wol sizze gulen. Sjoch, dat de fergrizing yn de takomst jild kostjen giet is wol bekend. Mar dat de boarger en ynstellings fuortdaliks in wan bruien krije moatte, komt wol hurd oan. It regear fan no hat skynber in ynstelling lykas dy fan in bekend winkelbedriuw, dat neffens harren eigen sizzen altyd op de lytskes past. Ja, wat mear der op de lytskes past wurdt wat mear earmslach de grutten hawwe. Soe dat it skaaimerk weze fan in ijochts-liberaal regear? Bouplannen, wenningboukontinginten. Foarsitter, it is alwer in skoftke stil oangeande it ferpleatsen fan in part fan Toutenburg ut Noardburgum nei Stiens ta. Leit dit oan Noorderbreedte of binne der tukelteammen op it paad fan it kolleezje? Moat der earst in ynventarisaasje komme fan dy lokaasjes der't miskyn mooglikheden lizze om de doelgroepenkontinginten te realiseaijen, dy't us gemeente sa ut en troch krijt fan de provinsje? Noch ofsjoen fan it boppesteande wurdt it dochs ris in kear tiid dat der in diskusje komt oer al dy doelgroepenkontinginten dy't us taskood wurde: Kinne we der wat mei, wat dogge we der dan mei, en wat binne de konsekwinsjes foar de romtlike omjouwing. As wy neat dogge, hoege wy ek net mear nei it achterbliuwende bouprogramma fan Ljouwert te sjen, de eagen kinne dan wolris op us gemeente rjochte wurde.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 26