Utkomst begrutting 2004 en fierder. Foarsitter, de begrutting foar 2004 is sletten, boppedat is der noch romte fan sa'n 63.000 Euro foar net foarsjoene saken. De algemiene reserves en de bestimmingsreserves sitte op in hichte fan sa'n 4.806.000,= Euro. It binne moaie utgongspunten foar it jier 2004, dy't passe by de doelstelling fan it riedsprogram yn dizze riedsperioade. Dochs is der al in saak yn de begrutting dy't de FNP tige femuveret. By de "Treasuryparagraaftinder it kopke "Risico-beheer", en dan benammen it kredytrisiko- behear, is wat fijemds oan de han. It docht bliken dat gemeente Ljouwerteradiel net allinnich in oerheidsynstelling is, mar tagelyk ek in private ynstelling. Foar sa'n 1,1 miljoen Euro hat de gemeente lienings ferstrekt oan "niet toegestane instellingen". De ffaach hjirby is: Hoe komme wy hjir op in fatsoenlike manier fanof, of sitte wy der bygelyks noch 30 jier oan fest? Binne der "sancties" te ferwachtsjen, of is dit in konstruksje dy't wol gedoocht wurdt yn us lan? De mearjierrenruzing lit in byld sjen dat minder fleurich fan kleur is dan dy fan it jier 2004. It "douceurtje" fan it Ryk oangeande it btw-kompensaasjefuns, is mei yngong fan 2006 foarby. It neidielich saldo boppe de 4,54 Euro de ynwenner is dan folslein foar de gemeente. De mooglike ofskaffmg fan it gebrukerspart fan de OZB, in Haachsk utfynsel, is noch net iens meinommen yn de mearjierrenruzing. As der noch mear soksoarte fan "Haachske joechhei" maatregels op us ofkomme, dan sjocht it der noch beroerder foar us ut de kommende jierren. Dat oangeande soene je de hoop utsprekke dat it regear fan Balkenende krektsa funksjoneaijen giet as us wettermuntsje op Balkein.(???) Ta beslut. Foarsitter, de FNP hat net al te folle kommentaar levere op de begrutting fan 2004 omdat dy konserveaijend fan aard is en yn grutte linen in kopy is fan dy fan 2003, utsein dy saken dy't wy by de technyske behanneling by de kop han hawwe. Oer it proses fan it ynfieren fan it "Dualisme" hawwe wy neat sein, en dochs is dat ek noch wol fan betsjutting de kommende jierren, want it learproses is dreech. Noch ofsjoen fan de saken dy't noch plak fine moatte sa as it ynstellen fan in rekkenkeamer, is it wol belangryk dat der ris in evaluaasje komt oer it proses fan "Dualisme" oant no ta, mar dan wol yn breder ferban. De konsekwinsjes fan de "Selsevaluaasje" sille de kommende tiid ek noch wolris yn byld brocht wurde moatte. Der is noch wol folle mear te ferhapstukjen, mar der komme noch wol mear gelegenheden. Foarsitter, de FNP winsket us amtners en elk dy't him op in oare wize posityf ynset foar us gemeente in goed 2004 ta, yn it belang fan de boarger; der giet it dochs om. Stiens, 30 oktober 2003 FNP-fraksje Ljouwerteradiel Jan Willem Tuininga Folkert Dykstra

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 28