Moasje De ried fan Ljouwerteradiel, yn gearkomste byinoar op tongersdei 30 oktober 2003. Stelt fest dat: reguliere bouplannen hast net mooglik binne troch de de kontingintearring yn de ofspraak mei de Provinsje en it stedsgewest. der in boppegemeentlik bouplan is yn Ljouwerteradiel yn'e foarm fan it ferpleatsen fan in part fan Toutenburg. de gemeente sa ut en troch oarsoartige kontinginten taskood krijt om dermei mooglike knipepunten yn'e husfesting op te lossen. de gemeente sa ut en troch in "douceurtje" krijt omdat Ljouwert by lange nei net foldwaan kin oan de bouofspraken mei de Provinsje en it stedsgewest. Besliit dat: der in diskusje komme moat oer al dy taskode kontinginten, ien en oar yn relaasje ta mooglike bou- en werstrukturearingslokaasjes yn de gemeente, om te kommen ta planfoarming fan de taskode kontinginten. En giet oer ta de oarder fan de dei. Stiens, 30 oktober 2003 Jan Willem Tuininga

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2003 | | pagina 47