8. Tariedingsbeslut art. 19 bestimmingsplan Bredyk De hear Stienstra (CDA): Hat de ried noch mooglikheden om feroaringen oan te bringen? De horecabestimming fan de bistro (no wenhus): der no rekken mei halde. Der kin oars letter bygelyks wol in disko komme. Kin meigean mei de art. 19 proseduere. De hear Roosma (PvdA): Giet op dit momint net yn op de bestimming fan de bistro. Dat hat yn de kommisje oan de oarder west. De hear Dijkstra (FNP): De konstatearring fan de hear Stienstra is op himsels terjochte. Hat it CD A wat op de horecabestimming tsjin? Kin fierder ynstimme mei it op besjen lizzen. Meffou Haites-Miedema (CD A): It CD A hat op himsels neat op de horecabestimming tsjin. De ried kin him der no oer utlitte. De oare fraach wie oft de ried der sels ek op ynsprekke kin. Boargemaster Bosma: By tuskentiidse ferstrekking fan boufergunningen op grun fan ffijstellingen leit it foech by it kolleezje. It nije bestimmingsplan folget de proseduere mei de ried. Der wurdt neffens it foarstel besletten. 9. Planskeafersyk Ljipstrjitte 5 en 12 yn Stiens De hear Doting (WD): Tinkt dat Langhout Wiarda gelyk hat. Yn de feroardering stiet net dat men foarof betelje moat. De hear Stienstra (CD A): Deselde fraach leit by it CD A. Giet de gemeente straks under ut, omdat de besteande feroardering net dualik genoch is en de gemeente ek foar de proseskosten opdraait? De hear Roosma (PvdA): Der moatte twa besluten nommen wurde. Dat moat neffens de PvdA-fraksje dan mar dien wurde. It soe jild koscje kimie, mar dan komt der jurispredinsje. Straks miskien in Ljipstijitte-arrest (neist it al femeamde Pikmararrest). De hear Ketellapper (GBL): Slut him oan by de foarige opmerkingen. De hear Lageweg (GBL): By feroaringen fan wetjouwing jilde foar de fertochte de geunstichste bepalingen. Dat soe dan op dizze saak net fan tapassing weze mar op de folgjende wol. Meffou Oppenoorth (PvdA): Wanneer is het gebruikelijk leges te betalen? Vooraf of naderhand? Boargemaster Bosma: Kin net folle oars tafoegje as wat op papier stiet. De feroardering is oanskerpe. Wat de rjochter seit, is no net yn te skatten. De kar is oan de ried. Der wurdt neffens it foarstel besletten. 10. Beliedsferslach Bureau Sosjale Saken 2002 De hear Busser (GBL): Pleitet foar in noch strakkere gearwurking mei Ferwerderadiel. Ek yn ferban mei de nije Wet Wurk en Bystan. Hoe is de stan fan saken fan de ID-banen yn de gemeente?

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 12