Mefrou Oppenoorth (PvdA): Heeft vragen in de commissie gesteld en hoopt dat die onderweg zijn. Mefrou Haites-Miedema (CD A): De fragen fan it CD A binne al gruttendiels beantwurde. Ien fraach noch net. Dat gie oer de ynhelslach fraudemeldingen. Hoe fier is it dermei? It belied bysundere bystan wurdt noch troch it kolleezje behannele. De pot hat noait leech west. Wurdt der wol genoch foarljochting jun? Dat mei klam yn de beliedsnotysje opnimme. Fia diverse wegen soks bekend meitsje. De gemeenten moatte maatwurk leverje, mar dan moatte de twa partijen wol byinoar komme. Oan de klii'nteried moat it nedige omtinken jun wurde. Yn maart komt de ofhanneling fan de kollektive syktekostefersekering. Dat wurdt mei spanning ofwachte. Wethalder Admiraal: Sil mei de hear Steen de opmerkingen besprekke. Der soe ek yn de kommisje in taljochting jun wurde kinne. Der is in oersjoch levere oer de subsidiearre banen. As korreksje derop: Der wurde in pear plakken by Palet realiseard. De gemeentlike oerheid hie ek wat mear romte krige. De riedsleden krije in oersjoch. Boargemaster Bosma: Dermei is it ferslach feststeld. Hammerstikken 11Beneaming leden gemeentlike wolstanskommisje Boargemaster Bosma: By akklamaasje wurde de leden beneamd. 12. Prioriteitelist foar it PRUP 2004-2009 Boargemaster Bosma: Derta wurdt besletten. 13. Begruttingswizigings Mefrou Haites-Miedema (CDA): Oer de oanleunwenten by Skilhiem. It kolleezje kiest roar in praktyske, pragmatyske opiossuig. Dei wurdt net net etc ietter mar net tie geast fan it belied hannele. Dat kin presedinten skeppe. Oar fersyk om aldereinwenten kin dan net wegere wurde. De hear Dijkstra (FNP): It is nei oanlieding fan in moasje fan twa jier lyn. Bliid dat it no safier is. No kin it jild ut it sosjaal funs brukt wurde. It besparret jild en it is moai foar de bewenners. Wannear is de utfiering? Mefrou Visser (PvdA): Vindt het een prachtige, creatieve oplossing. Het is een heel goede zaak met dank aan de FNP voor de destijds ingediende mo tie. De hear Ketellapper (GBL): Der moat altyd romte weze om jins meiwurking oan in goed idee te jaan. Wethalder Admiraal: Sil oerbringe dat de ried graach wol dat it sa gau mooglik utfierd wurdt. Mar it binne net de wenten fan de gemeente. De hear Lageweg (GBL): Kin de flugge utfiering net as betingst steld wurde?

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 13