GEMEENTE LEEUWARDERADEEL 4b Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Liouwerteradiel op tongersdei 26 february 2004 om 19.30 oere vn it gemeentehus fan Stiens. Oanwezich: de froulju F. Haites-Miedema (CDA), G. Visser (PvdA), J.M. Oppenoorth (PvdA), M. Hottinga-Mulder (GBL), en de hearen J. IJkema (CDA), J. Stienstra (CDA), F. Doting (WD), S.R. Roosma (PvdA), J.W. Tuininga (FNP), F. Dijkstra (FNP), B. Lageweg (GBL), W.F. Ekas (GBL) F. Busser (GBL), A. Elgersma (GBL), en R.A. Ketellapper (GBL). Wethalder: De hear J.W. Admiraal. Foarsitter: Boargemaster J. Bosma. Griffier: De hear J. Wever. Mei kundskip ofwezich: Wethalder de hear J. S. Keizer. Der wurdt gjin gebruk fan makke. 3. Fragehealoere riedsleden Mefrou Haites-Miedema (CDA): Hat in tal fragen oangeande webside fan de gemeente. Yn it ferline is ek al frege nei de aktualisearring en it underhald fan de webside. Yn desimber 2003 is in fuortgongsrapportaazje tasein. De webside is sakke nei plak 285 fan de monitor. Fraach 1: Werom is de ried, nettsjinsteande tasizzingen, noait rapporteard oer de fuortgong en ferbettering fan de webside? Fraach 2: Alhoewol't de ried yn 2001 in foars bedrach beskikber steld hat foar in 'kwalitatyf hiel goede webside', moat de fraksje no konstateare dat de gemeente dizze hege ferwachtingen net wiermeitsje kin en eigentlik 'in te grutte broek oanlutsen' hat. Dielt it kolleezje dy konkluzje? Wat tinkt it kolleezje deroan te dwaan om de webside aktueel te krijen en te halden? Wannear wurdt de ried deroer rapporteard? Boargemaster Bosma: De webside is wol sakke, mar net safier. No op numer 185, yn Fryslan op numer 8. Yn it rapport is de side tsjin it ljocht halden. Unyk fanwegen de chat mooglikheid, allinne de ried docht dat net. Der is jild genoch en de gemeente komt der net sa min of. Wol it rapport op besjen lizze en sjen nei de neamde kritykpunten. De webside is ien fan de kommunikaasjekanalen. -0-0-0-0-0-0-0-0- 1Iepening De foarsitter hyt elkenien wolkom. Fsafshsateeie boargw

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 6