GEMEENTE 4 L J OUWERTERADIEL Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 25 maart 2004 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. Oanwezich: de froulju F. Haites-Miedema (CDA), G. Visser (PvdA), J.M. Oppenoorth (PvdA), M. Hottinga-Mulder (GBL), en de hearen J. IJkema (CDA), J. Stienstra (CDA), F. Doting (WD), S.R. Roosma (PvdA), J.W. Tuininga (FNP), F. Dijkstra (FNP), W.F. Ekas (GBL), F. Busser (GBL), A. Elgersma (GBL), en R.A. Ketellapper (GBL). Wethalders: de hear J.W. Admiraal en de hear J.S. Keizer. Foarsitter: boargemaster J. Bosma. Griffier: de hear J. Wever. Mei kundskip ofwezich: de hear B. Lageweg (GBL). 1Iepening De foarsitter stiet oan it begjin fan de gearkomste koart stil by it ferstjerren fan prinses Juliana. Der is in neikommen agindapunt oer de te beneamen griffier. Stelt foar om mei dat punt (punt 15: beneaming fan de hear Rutten ta riedsgriffier foar 18 oeren yn de wike) te begjinnen. De hear Ketellapper (GBL): Wol fan syn kant, ek ut namme fan de hear Roosma, de tank utsprekke foar de flotte ofhanneling fan de foardracht fan de nije griffier. Men kin him fine yn de kar fan de kommisje. De foarsitter: De foardracht wurdt skriftlik yn stimming brocht. Der binne 14 stimmen foar de hear Rutten. De foarsitter hjit him wolkom yn de gemeente en biedt him in blomke oan. 2. Ynsprekrjochtboargers Der wurdt gjin gebruk fan makke. 3. Fragehealoere riedsleden De hear Ketellapper (GBL): Hat in ffaach oan it kolleezje. Der is rus dat der op it terrein foar it gemeentehus in iisbaantsje oanlein wurde sil. Der is lykwols gjin romte foar in iisbaan en it soe ek gefaar opsmite kinne. GBL hat der gjin belang by om der tiid en jild yn te stekken. Wethalder Keizer: Der binne soms alderhande ideeen. Dit idee hat der wol west yn de wurkgroep, mar hat noch gjin definitive foarm. Soe soks earst ofwachtsje wolle. Dan kin men der altyd noch oer prate. It is net de bedoeling dat der in protte jild yn stutsen wurdt. De hear Ketellapper (GBL): It GBL hat dudlik genoch west. Meixou Oppenoorth (PvdA): In de Stienser Omroeper staat het bericht dat stichting de Skalm en de stichting Peuterspeelzaal het Bildt gaan fuseren. De stichting krijgt de naam Welzijn Middelzee. Wist het college van de fusie en valt dit niet onder de informatieplicht van het college? Past dit binnen de budgetproductafspraken tussen de gemeente Leewarderadeel en de stichting de Skalm? Wat voor invloed heeft deze fusie op de loop van de subsidiestroom?

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 5