Mefrou Haites-Miedema (CDA): Foeget der noch wat oan ta. Nuver dat men soks yn de krante leze moast. De twa earste fragen fan it CDA komme oerien mei dy fan de PvdA. De tredde fraach is: It bestjoer fan de stichting en wethalder hawwe regelmjittich oerlis. Der binne mear plannen neffens it stikje yn de krante. Wat kin de wethalder der fan sizze? De hear Ekas (GBL): Sluit zich bij de vragen van de vorige spreeksters. Wethalder Admiraal: It oerlis wie der al earder. Der wie fanut it Bildt fersocht om gearwurking en dat stiet yn de ferslaggen. Yn 2003 is doe direkt praat mei it bestjoer deroer. Ien fan de betingsten wie dat men de produktofspraken net yn it paad stean mocht. Men hat dat befestige. Dat it yn de foarm fan in fuzje fan de twa stichtingen getten wurde soe, wie him net bekend. De gemeente sit net 3m de stichting, mar hat allinne in subsydzjeferhalding. De begruttingen bliuwe skieden. Der is wol earder yn it oerlis praat oer gearwurking mei oare organisaasjes, mar der stiet no net op de hispel. Mefrou Oppenoorth (PvdA): Samenwerking gaat niet zover als fuseren. Wenst de nieuwe stichting veel wijsheid bij scheiding rekening en begroting. Heeft haar twijfels. Hoopt dat het transparent blijft. Mefrou Haites-Miedema (CDA): It femuvert de fraksje dat men it witte kinnen hie fia de ferslaggen. Men hie der fan op de hichte steld wurde moatten. Der wurdt in budzjet beskikber steld en it heart ta de aktive ynformaasjeplicht fan it kolleezje om nije untwikkelingen troch te jaan. Hat har twifels deroer dat it gjin ynfloed op it produkt peuterwurk hawwe soe. It wurdt yninoar skood. It moat yn de jierrekken foar 100% ferantwurde wurde. Is it der ek net mei iens dat men de nammeferoaring ut de krante leze moat. De hear Ekas (GBL): De stichting de Skalm is autonoom, maar de gemeente is de grootste susidieverlener en hoort over zulke zaken ingelicht te worden. De gemeente moet 00k richting de Skalm hierop wijzen. De hear Doting (WD): De wethalder hat sein dat de ferantwurding fan de finansjele kant it wichtichste is. De ried moat net alles witte wolle. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Hat in fraach oer de foarljochting nei bewenners oer riolearing yn it butengebiet. De wethalder hat tasein dat it op koarte termyn barre soe en derom hat it CDA doe de moasje ynlutsen. No nei trije moannen is dy foarljochting der noch netbehalve wat ynformaasje fan it wetterskip. It CDA freget mei klam dat der meikoarten in goede en dudlike foarljochting jun wurdt oan de bewenners fan it butengebiet. Seker no't it wetterskip in subsydzjeregeling foar de IBA's ynsteld hat en derby is in rol foar de gemeente weilein. De foarsitter: Der is pas wat foar te ljochtsjen as de stanpunten bekend binne. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Krijt in protte fragen fan de minsken. Dy wolle witte wer't sy oan ta binne. De foarsitter: It stanpunt moat earst ynnommen wurde. Wethalder Keizer: It parseberjocht fan wetterskip Fryslan kin ek nochris yn de Stienser Omroeper pleatst wurde. Woe earst noch wat spesifikere ynformaasje taheakje. Mar dat slagge net. Dochs is hy foar publikaasje fan it underwerp yn de Stienser Omroeper no't it wetterskip ek in beslut nommen hat.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 6