4. Feststelling fan de beslutelisten fan de gearkomsten fan 19 en 26 february 2004 De foarsitter: Op side 4 moat 'zijn alle raadsleden niet aanwezig' weze: 'zijn niet alle raadsleden aanwezig'. De hear Roosma (PvdA): Freget om in underbrekking omdat net by elkenien de mikrofoan goed wurket. De foarsitter: Underbrekt de gearkomste in momint. De foarsitter: Iepent de gearkomste wer. Mei de wiziging wurde de beslutelisten goedkard en feststeld. 5. Ynkommen stikken en meidielings De hear Doting (WD): Oer 1 (Dierziektebeleid met draagvlak). Hopet dat dit belied foet oan de grun krijt. De hear Doting (WD): Oer 5 (Gentechnologievrije gemeente). Freget oft der gjin reaksje komt fan it kolleezje op dit skriuwen. Dan kin de WD him deryn fine. De foarsitter: De brief wurdt foar kundskip oannommen. Dat haldt yn dat it kolleezje net reageart op de brief. De hear Doting (WD): Oer 19. (Uitnodiging workshopsVNG). Hoefolle mearwearde hat sa'n kongres? Moat men der manmachtich hinne mei each op de besunigingen? De foarsitter: It kongres is kostendekkend. De bydragen fan de dielnimmers binne yndied heech. Besprekpunten 6. Oanwizing plakferfangend griffier De foarsitter: Bringt de foardracht skriftlik yn stimming. Der binne 13 stimmen foar de hear Kielstra en ien stim is net jildich. Dermei wurdt de hear Kielstra ta plakferfangend griffier beneamd. De foarsitter winsket him dermei sukses. 7. Feststellen miljeubeliedsplan De hear Dijkstra (FNP): It kolleezje komt straks mei de utfiering fan it plan. It tal formaasjeplakken (fan 1,5 nei 2,6) soe omheech moatte. Kin dat of moat it it ambysjenivo nei beneden bysteld wurde? Mefrou Haites-Miedema (CDA): Kin it miljeubeliedsplan wol underskriuwe. Der wurdt tige omtinken jun oan fergunningferliening en hanthaving Der wurdt wol sjoen en wurke nei mear fte's. Sit der diskrepansje tusken wat men wol en kin? Mefrou Oppenoorth (PvdA): Het is misschien een beetje hoog gegrepen. Toch uitvoeren en maar kijken waar eventueel het schip strandt. Er is nog een verschil in fte's. De hear Doting (WD): Der is neffens him minimaal oer praat. Hy fynt dat de oare partijen der wat te maklik oer hinne stappe. Der binne in protte saken dy't de boarger reitsje. De WD hat skriftlik fragen steld. Der soe miskien ris mei de ynspekteur praat wurde moatte. Der moat in ynhaldlike diskusje oer komme. De hear Elgersma (GBL): De oare partijen hawwe der wis wol oer diskusjeard. Yn de kommisje binne der al fragen steld en de antwurden dy't de miljeu-amtner net paraat hie, der binne undertusken de antwurden op kommen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 7