Wethalder Admiraal: Dielt de opmerkingen oer it ambysjenivo. It stiet en fait mei it jild dat men hat. Men is noch dwaande mei de organisaasje fan it wurk en deroer wurdt de ried ynformeard. It minimale moat seker dien wurde. Fynt it in goede suggestje om de ynspeksje in presintaasje jaan te litten oer miljeubelied. Twadde termyn De hear Doting (WD): De riedsgearkomste is in iepenbier gremium. Der moat oer de haadlinen praat wurde. Lit de ynspekteur mar ris komme. Nei him kin men dan ek sinjalen ut de praktyk oanjaan. De hear Elgersma (GBL): Is it mei it leste iens. Yn de kommisje hat der lykwols alle gelegenheid foar diskusje west. De hear Ketellapper (GBL): Der sitte undemimmers yn de ried en der binne in hiel protte easken. Derom kin er him yn de suggestje fan de hear Doting fine. De hear Dijkstra (FNP): Is it sa strak as de ynspekteur it foarleit oangeande it tal fte's? Mefrou Oppenoorth (PvdA): Zou er in September voorlichting over het milieubeleid kunnen komen? De foarsitter: De wethalder hat al in tasizzing dien. De ynspeksje jout ynformaasje, mar de ried bliuwt fansels ferantwurdlik foar it belied. 8. Oanpassen leezjesoardering De foarsitter: Der wurdt neffens it foarstel besletten. 9. Oerdracht underwiisreserves nei de bestjoerskommisje iepenbier basisunderwiis Mefrou Haites-Miedema (CDA): As it iepenbier underwiis ferselsstannige wurdt, dan moat it jild der ek by. Der wienen noch fragen oer de splitsing fan underhald en husfesting en der binne noch gjin antwurden op kommen. Mefrou Visser (PvdA): Hetzelfde geldt voor de PvdA-fractie. Worden de reserves als reserves ingeboekt of kunnen die voor alle andere doelen worden gebruikt. In dat laatste geval loopt de gemeente in risico. Daar is geen antwoord op gekomen. De hear Busser (GBL): Is it iens mei de foarige sprekkers. De utsplitsing husfesting is foar rekken fan de gemeente. It underhald foar de bestjoerskommisje. Wat foar bedrach kinne sy fan de gemeente krije? Wethalder Keizer: Hie net foar eagen dat de ried ferwachte dat de fragen tuskentiids beantwurde wurde soenen. Der is in splitsing te meitsjen tusken underhald binnen en buten. Der binne gjin reserves oer te boeken foar it underhald binnen. Yn feite is de bestjoerskommisje autonoom oer de besteging fan de middelen, mar de ried moat de begrutting goedkarre. De bestjoerskommisje sil de reserves neffens him wol labelje. De hichte fan it bedrach reserve underhald stiet ultimo 2003 op 180.000.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 8