De foarsitter: Der wurdt neffens it foarstel besletten. 10. Subsydzjeoanfraach Stienserfeart rjochting rekreaasjeskip de Marrekrite De hear Doting (WD): It stik is dudliker wurden. It is in goede saak dat de feart baggere wurdt. Yn hoefier draacht it wetterskip by en oant hoefier giet it baggeijen troch? Giet it oan de oerstoart ta? De hear Roosma (PvdA): Is bliid mei it dudlikere stik. Stimt mei it stik yn. De hear Ketellapper (GBL): Slut him derby oan. Wethalder Keizer: De gemeente is farweibehearder. Foar de Stienserfeart nimt de gemeente in tredde part. De hear Tuininga (FNP): Is akkoart mei it subsydzjefersyk. Wol yn de takomst nochris beprate oft men noch lid bliuwe moat fan de Marrekrite. Men kin it jild ek yn in eigen funs stoarte. Mefrou Haites-Miedema (CDA): Dy diskusje is al earder fierd. It antwurd fan it kolleezje wie doe dudlik. Wethalder Keizer: Men stiet op it punt om de steigers yn de Feinsumerfeart en de Dokkumer Ie oer te dragen oan de Marrekrite. Hat it antwurd op de technyske fraach fan de hear Doting net paraat. De foarsitter: Der wurdt neffens it foarstel besletten. 11Suner wetter yn Fryslan Mefrou Oppenoorth (PvdA): Dit stuk is ongeveer hetzelfde als in de commissie. De vergelijking met Eindhoven is niet passend. Het gaat om het terugdringen van de pesticiden die zeer resistent kunnen zijn. Zou de intentieverklaring wel willen ondertekenen, er staat immers ook een ontsnappingsclausule in. De hear Dijkstra (FNP): Oare mooglikheden soene noch oan de oarder komme by de produktbegrutting. It punt leit gefoelich by de FNP-ffaksje. It kolleezjefoarstel krijt it foardiel fan de twifel. De hear Elgersma (GBL): Der sit in spanning tusken prinsipes en fmansjes. It gebruk fan bestridingsmiddelen is al flink weromkrongen. Der binne bygelyks folle minder deade fugels troch it bruken fan de middelen. Giet mei it foarstel fan it kolleezje mei om it net te tekenjen. It foarbyld fan Eindhoven jout wol foar in part ynsjoch yn de fmansjele gefolgen. Der binne yn de gemeente al in hiel protte klachten oer it grien tusken de tegels. Mefrou Haites-Miedema (CDA): De ferliking mei Eindhoven wie net passend. It is spitich dat it stik fierder hast net oanpast is. It ambysjenivo fan it miljeubeliedsplan moat men festhalde. Der't men kin sa miljeufreonlik te wurk gean. De nije middelen binne lang sa skealik net mear as ffoeger. It stik net tekenje. De hear Doting (WD): Slut him oan by de leste sprekkers.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2004 | | pagina 9